It haadwurk is it grutste en belangrykste ûnderdiel fan in piipoargel. It bestiet út in kombinaasje fan in tal registers en it hat njonken de measte stimmen ek it measte folume.

Haadwurk oargel fan 'e Grutte Tsjerke, Dokkum.

It haadwurk foarmet de basis fan it oargel en hat as basisregigsters de prestanten. Dat is hiel faak in 8-foetsregister, mar it kin ek in 16-foets- of in 4-foetsregister wêze.

It haadwurk wurdt fakentiden bespile mei in eigen manuaal.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: