Register (oargel)
In register is in rige sprekkende oargelpipen fan deselde klank yn ferskillende lingtes. Wat koarter de piip namste heger de toan. Alle toetsen fan in manuaal hawwe in eigen piip yn sa'n register. It tal pipen fan in register is dus like grut as it tal toetsen.
Registers hawwe fakentiden de namme fan it muzykynstrumint fan de namme fan it ynstrumint dat se fertsjintwurdigje (lykas trompet, fagot of fluit).
Om in register te aktivearjen moat by in meganysk piipoargel de registerknop útlutsen wurde. Dy knoppen sitte fakentiden boppe of njonken it manuaal. By de measte oargels mei in meganyske traktuer betsjinnet de oargelist de registers. Troch de útfining fan de pneumatyske traktuer waard it mooglik om in ienfâldiger betsjinning fan de registers yn te bouwen. In soad oargels fan nei 1900 besitte dêrom saneamde registerswippers, dy't boppedat minder romte nedich ha. De technyk makke fierder noch in tredde foarm mooglik, de saneamde registertoetsen, dy't noch flugger te betjinsjen binne en nije ûntwerpmooglikheden kreëarje. Yn sa'n toets sit dan yn 'e regel in lampke, dy't sjen lit of it register yn- of útskeakele is. By moderne elektryske spyltafels wurde hjoed-de-dei alle trije farianten tapast. By de digitale oargels binne al tinkbere mingfoarmen mooglik. Faak wurde ferljochte registerknoppen tapast, dy't de foarm fan in klassike registerknop of in registerwipper ha en sa mear oan it tradisjonele piipoargel tinken dogge. Hjoed-de-dei is it ek mooglik om in betsjinning fan de registers mei ien of mearder taastskerms te bouwen.
Yn prinsipe is elts register yndividueel iepen te setten, mar net elts register is geskikt om yndividueel spile te wurden. Dêrom moat de organist by in registraasje rekken mei in pear regels hâlde om in akseptabel klankbyld te produsearjen. De klankkleuren dy't in oargel hat binne it resultaat fan de opstelling fan de registers. De registers foarmje sadwaande in essinsjeel ûnderdiel fan 'e disposysje fan it ynstrumint. In oargelbouwer bepraat dêrom ek by it ûntwerp fan it ynstrumint altiten de disposysje mei de opdrachtjouwer om it oargel oan it gebrûk en de akûstyk fan 'e romte oan te passen.
De goede registraasje te kiezen is lykas de ynstrumintaasje in keunst. Ofhinklik fan it karakter fan it stik, de akûstyk fan 'e romte, de kontekst fan it barren, it publyk en de mooglikheden fan it ynstrumint sil de oargelist de registraasje bepale en hy of sy skriuwt yn 'e partituer op wannear hokker register heard wurde moat.
By in konstert kin de oargelist holpen wurde troch ien of mear registranten, fral as der yn in stik op in oargel mei meganysk registerwurk regelmjittich fan register wiksele wurde moat. De registrant lûkt dan op de oanwiisde plakken de registers iepen of slút dy wer ôf. Op moderne oargels kinne ûntelbere kombinaasjes yn 't foar opslein wurde. Troch in aparte toets (foar de hân of foar de foet) kin dan tusken de ferskillende registraasjes skeakele wurde, itjinge de help fan in registrant oerstallich makket.
Njonken de echte registers binne der ek saneamde effektregisters, dy't ek troch registerknoppen ynskeakele wurde kinne, mar gjin eigen piperige hawwe.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Register (Orgel)
|