In traktaat (fan it Latynske tractatus) is in ferhanneling oer in ôfbeakene ûnderwerp, meast op it mêd fan filosofy of religy.

Religieuze traktaten bewurkje seksje

In bekend foarbyld fan religieuze traktaten binne dy fan tsjerkfaars dêr’t se de kristlike libbensfyzje yn ferdigenje. Yn it Joadendom binne bekende foarbylden de ûnderdielen fan de Talmoed dy’t spesifike ûnderwerpen behannelje (sjoch Misjna).

Filosofyske traktaten bewurkje seksje

Ferneamde foarbylden fan filosofyske traktaten binne:

Rjocht bewurkje seksje

Yn it rjocht betsjut traktaat in ferdrach. In traktaat kin sletten wurde tusken twa of meardere steaten mar ek folkerjochtlike organisaasjes kinne ferdrachspartij wêze. In ferdrach tusken in steat en de Hillige Stoel hjit in konkordaat. Yn Nederlân wurde traktaten yn it yn 1950 by Keninklik Beslút ynstelde Traktateblêd fan it Keninkryk fan de Nederlannen publisearre.