Mishnah
De Mishnah, yn it Hebriuwsk: משנה, Mišnah, wat "werhelling" betsjut, is ien fan 'e wichtichste religieuze teksten fan it rabbinale joadendom, dy't tegearre mei de Gemara de (Babyloanyske) Talmoed foarmet. It is de earste skreaune kompilaasje fan 'e mûnlinge wet fan it joadendom, de Mûnlinge Torah. De Mishnah datearret fan 'e perioade fan 'e earste iuw f.Kr. oant de twadde iuw n.Kr., en de gearstalling derfan waard yn it jier 220 foltôge troch de rabbyn Yehudah haNasi om foar te kommen dat de mûnling oerlevere tradysjes fan it joadendom ferlern gean soene.
Mishnah | ||
Yllustrearre foar- en efterblêd fan in Misjna-útjefte, Mezhiebiez, om 1840 hinne | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | משנה ("Mišnah") | |
auteur | ferskaat | |
taal | Hebriuwsk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 1e iuw f.Kr. – 220 n.Kr. |
De Mishnah wurdt ek wol oantsjut as Šas, wat in ôfkoarting is fan šiša sedarīm, dat "seis oarders" betsjut en ferwiist nei de seisfâlde yndieling fan 'e âlde Mûnlinge Torah. Oars as de Gemara, dy't foar it measte part Arameesktalich is, is de Mishnah yn it Hebriuwsk skreaun, yn in taalfariant dy't troch taalkundigen Mishnaysk Hebriuwsk neamd wurdt.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side. |