Baruch de Spinoza

(Trochferwiisd fan Baruch Spinoza)

Baruch de Spinoza (Amsterdam, 24 novimber 1632De Haach, 21 febrewaris 1677) wie in Nederlânsk filosoof fan Sefardysk-Joadsk etnysk komôf. Hy wurke as in sljochtwei linzesliper en wie de soan fan Portegeeske ymmigranten. Hy wurdt meastentiids 'Baruch de Spinoza' of Baruch Spinoza neamd, mar somtiden ek wol Benedictus de Spinoza, Bento de Espinosa of Bento d'Espiñoza. As tinker wie Spinoza in eksponint fan it rasjonalisme en yn 'e mande mei René Descartes en Gottfried Wilhelm Leibniz ien fan 'e ierste fertsjintwurdigers fan 'e Ferljochting. Hy is sûnder mis ien fan 'e wichtichste filosofen fan Nederlânske boaiem en heart ta it lytse selskip fan klassike filosofen dy't byldbepalend achte wurde foar de skiednis fan it Westerske tinken. Op religieus mêd wied er ien fan 'e grûnlizzers fan 'e moderne bibelkrityk. Syn ideeën, dy't yn syn eigen tiid tige kontroversjeel wiene, laten ta syn ferstjitting út 'e Portegeesk-Joadske mienskip fan Amsterdam. Hy kaam jong te ferstjerren, en syn magnum opus, de Ethica, waard postúm útjûn.

Baruch de Spinoza
persoanlike bysûnderheden
echte namme Baruch de Spinoza
oare namme Benedictus de Spinoza
Bento de Espinosa
Bento d'Espiñoza
nasjonaliteit Steatsk
berne 24 novimber 1632
berteplak Amsterdam (Hollân)
stoarn 21 febrewaris 1677
stjerplak De Haach (Hollân)
etnisiteit Joadsk
reg. identiteit Sefardysk
wurkpaad
berop/amt linzesliper
aktyf as filosoof, publisist
jierren aktyf 16551677
reden
  bekendheid
tige ynfloedryk filosoof
grûnlizzer fan 'e Ferljochting
bekendste
  wurk(en)
Ethica

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding

bewurkje seksje

Oer it libben fan Spinoza is mar in bytsje bekend dat sûnder mis op wierheid berêst. De boarnen dêrfoar binne inkele dokuminten en Spinoza syn eigen briefkerij. Hy waard op 24 novimber 1632 berne yn Amsterdam as Baruch, soan fan Michael d'Espinoza en dy syn twadde frou Hanna Debora. Syn âlden makken diel út fan 'e nije mienskip yn Amsterdam fan Sefardysk-Joadske flechtlingen dy't har dêr fêstige hiene om te ûntkommen oan 'e leauwensferfolgings yn Spanje en Portegal. Spinoza syn ropnamme wie Bento, en syn memmetaal wie it Portegeesk. Dêrnjonken learde er as jong bern ek al Spaansk, Hebriuwsk en Nederlânsk te sprekken. It Latyn, de taal, dêr't er letter al syn wurken yn skriuwe soe, waard him pas folle letter bybrocht, doe't er as folwoeksene nei in priveeskoalle gie dy't Franciscus van den Enden yn 1652 yn Amsterdam iepene.

 
De Mozes- en Aärontsjerke yn Amsterdam. De húshâlding fan Spinoza syn âldelju wenne op it plak dêr't dit tsjerkegebou no stiet, en wierskynlik is dat ek it plak dêr't Spinoza sels te wrâld kaam.

Spinoza wie al op jonge jierren nijsgjirrich nei alderhanne saken. Oer syn jonkheid is lykwols net in soad bekend. Hy soe in tradisjonele joadsk-religieuze opfieding hân hawwe, en nei de jesjiva (joadsk-religieuze skoalle) fan 'e foaroansteande rabbyn Saul Levi Morteira gien wêze. Dêrnjonken krige er ek les fan 'e folle minder tradisjonele rabbyn Menasseh ben Israel, dy't gedoente hie mei lju as Gerard Vossius, Hugo de Groot en Rembrandt van Rijn. Doe't er santjin jier wie, briek Spinoza syn nei't it skynt gâns ûnthjittende religieuze stúdzje lykwols ôf nei it hommels ferstjerren fan syn âldere broer Isaäk, wêrnei't er as keapman begûn te wurkjen om yn it plak fan syn broer syn heit op te folgjen.

It is net bekend wannear't Spinoza syn oplieding by Van den Enden begûn; neffens guon soe dat al yn 1654 west hawwe, doe't er tweintich jier wie, wylst oaren miene dat it pas yn 1657 wie. Hoe dan ek, Van den Enden, in úttreden âld-jezuyt dy't troch de Roomsk-Katolike Tsjerke beskôge waard as in ateïst en ketter, hie nei alle gedachten in grutte, miskien sels wol beslissende ynfloed op Spinoza. Troch it filter fan Van den Enden waard Spinoza bekend mei de Westerske wittenskip en filosofy, wêrûnder it wurk fan René Descartes. Dat hie fan gefolgen dat Spinoza tinkbylden begûn te ûntjaan dy't net oansleaten by en net akseptearre waarden troch syn eigen mienskip.

Ferstjitting

bewurkje seksje

As jongeman rekke Spinoza al rillegau yn konflikt mei de Portegeesk-Joadske mienskip fan Amsterdam. Hy wegere him te hâlden oan 'e skreaune en ûnskreaune regels en toande in beskate ûnferskillichheid foar de joadske earetsjinst oer. Mei syn suster Rebekah krige er spul oer it beërf fan harren heit, dy't yn 1654 ferstoar. Rebekah easke dat op, mar Spinoza fûn dat hy der rjocht op hie en spande in rjochtsaak tsjin har oan. Nei't er dy wûn hie, died er frijwillich ôfstân fan it beërf en droech it oer oan Rebekah. Dy kwestje joech in protte rebûlje. Letter waard Spinoza troch in joadske fûnemintalist mei in mês oanfallen by de doar fan 'e Portegeesk-Joadske synagoge yn Amsterdam.

 
It stânbyld fan Benedictus de Spinoza yn De Haach.

De Sefardyske mienskip woe net opfalle. De leden wiene foar it meastepart saneamde converso's of bern fan sokken: joaden dy't yn Spanje en Portegal ûnder twang ta it kristendom bekeard wiene en harren jierrenlang as kristenen holden en droegen hiene, oant it harren slagge om dy lannen te ûntflechtsjen. Troch oare joaden waard mei in beskate erchtinkendheid nei harren sjoen, ûnwis oft se wol 'wiere' joaden wiene, of dat se by it minste of geringste wer fan religy wikselje soene. Sadwaande woene de Sefardyske joaden fan Amsterdam har strikt oan 'e joadske lear en geboaden hâlde en net opfalle. Underlinge konflikten waarden binnenskeamers oplost en net foar de rjochtbank, en fan net ien waard ôfwiking fan 'e regels akseptearre. De mienskip koe dêrom sok oandachtlûkend hâlden en dragen lykas Spinoza sines misse as pinemûle.

It wie lykwols in religieus skeel dat úteinlik ta in brek late. Trochdat syn bibelstúdzje yn 'e jesjiva oanfolle wie mei kennis fan 'e moderne filosofy, koe Spinoza beskate dogma's fan it joadendom net mear goedkrije. Yn 't bysûnder gie it dêrby om it learstik, dat de profeet Mozes de Torah, de earste fiif boeken fan 'e Tenach, de joadske Bibel, skreaun hie. Dêropta leaude Spinoza net yn 'e ûnstjerlikens fan 'e siel en ek net yn 'e foarbeskikking fan God. Doe't dúdlik waard dat er ûnwillich wie om 'e joadske dogma's te ûnderskriuwen, waard er op 27 july 1656 as ketter út 'e Sefardyske mienskip set. Der waard in ban oer him útsprutsen, wat betsjutte dat gjin inkeld lid fan 'e mienskip noch kontakt mei him hawwe mocht, sels syn eigen famyljeleden net. De ban wie net ûnomkearber, en as er blykjûn hie fan berou en him ûnder de regels fan 'e mienskip deljaan woe, hied er wer yn goedens oannommen wurden. Dat wie foar Spinoza, dy't sels ek al in beskate ôfstân fan 'e Sefardyske mienskip nommen hie nei de rjochtsaak tsjin syn suster of de mêsoanfal bûten de synagoge, lykwols in brêge te fier. Syn wegering om te bûgen betsjutte ek de ein fan syn rol yn 'e hannelsfirma dy't er tegearre mei syn broer Gabriël dreau.

 
De tekst fan 'e ban dy't tsjin Spinoza útsprutsen waard troch de Sefardyske mienskip fan Amsterdam.

Lettere jierren

bewurkje seksje

Nei syn ferstjitting út 'e Sefardyske mienskip neamde Spinoza himsels tenei Benedictus. Hy gie lykwols nea oer nei it kristendom. Ynstee bewarre er in feilige ôfstân fan eltse foarm fan organisearre religy. Koart nei syn ferstjitting út 'e Sefardyske mienskip waard Spinoza op lêst fan it Amsterdamske gemeentebestjoer, dat goede kontakten mei de Joadske mienskip ûnderhold, út 'e stêd set. Hy ferbleau doe in skoft yn of by Ouderkerk oan de Amstel, mar doe't it trelit wat delbêde wie, koed er weromkomme yn Amsterdam, dêr't er noch oant 1660 of 1661 tahold. Neitiid ferfear er nei Rynsburch, by Leien. Dêr wenne er twa jier, wêrnei't er 1663 yn Foarburch kaam te wenjen en yn 1670 yn De Haach. Wêrom't er sa faak ferhuze is net alhiel dúdlik. Men tinkt dat er benammen rêst socht. Ek al hied er noch neat publisearre, dochs wie syn namme al wol bekend. Hy woe net hieltyd steurd wurde troch besite. Nei bûten ta died er him foar as in sljochtwei sliper fan linzen foar mikroskopen en tilleskopen, wat it berop wie dêr't er mei yn syn libbensûnderhâld foarseach.

 
Spinoza syn hûs yn Rynsburch, dêr't er fan 1661 oant 1663 wenne (no in museum).

Yn syn lêste jierren yn Amsterdam skreau Spinoza syn Koarte Ferhanneling, offisjeel de Tractatus de Deo et Homine Ejusque Felicitate, dy't er by syn libben nea publisearre. Hy naam oan (en mei goede reden) dat sa'n publikaasje ferbean wurde soe, mei't de ideeën dy't er deryn utere foar dy tiid tige radikaal wiene. Pas omtrint 1810 waard dit wurk werûntdutsen yn twa Nederlânsktalige oersettings fan it Latynsktalige orizjinele manuskript. It waard pas yn 1867 foar it earst publisearre. Ek skreau Spinoza yn deselde snuorje, om 1660 hinne, de ûnfoltôge bleaune Tractatus de Intellectus Emendatione, oer de foarmen fan persepsje. Dat wurk waard postúm yn 1677 publisearre.

Ut 'e perioade dat Spinoza te Rynsburch wenne, komme de earste taastbere spoaren fan syn wurk. De earste brieven fan en oan him datearje út 1661. Tsjintwurdich is it hûs dêr't Spinoza yn Rynsburch wenne, in museum dat oan him wijd is. Ut 'e briefkerij is dúdlik wurden dat Spinoza yn Rynsburch in begjin makke mei de systematyske útinoarsetting fan syn eigen wiisgearige stelsel, dy't úteinlik liede soe ta syn meast ferneamde en ynfloedrykste wurk, de Ethica. Yn Rynsburch skreau er ek it earste wurk fan sines dat publisearre is. Dat wie Renati Des Cartes Principia Philosophiae, in bewurking fan in boek fan René Descartes. In studint, in Johannes Caesarius, hie him frege om ûnderrjocht yn 'e cartesiaanske wiisbegearte, en Spinoza bewurke syn lessen op fersyk fan syn Amsterdamske freonefermidden ta in ferklearjende publikaasje oer de tinkbylden fan Descartes. Hy wie doe noch net safier dat syn eigen ideeën al ryp wiene foar publikaasje.

 
De studearkeamer fan Spinoza te Rynsburch.

De Principia ferskynde yn 1663, doe't Spinoza al ferhuze wie nei Foarburch. Yn 1664 folge in Nederlânsktalige oersetting. Yn Foarburch wurke Spinoza fierder oan syn Ethica, in aktiviteit dy't er inkeld ûnderbriek foar it skriuwen fan in oar grut wurk fan sines, de Tractatus Theologico-Politicus (oftewol it "Teologysk-Polityk Traktaat"). Dêrmei woed er oantoane dat de frijheid fan tinken en dus fan filosofearjen in ûnmisber ûnderdiel is foar it slagjen fan eltse steat. Oanlieding foar dat wurk wiene ûnderfinings út Spinoza syn priveesfear.

Yn 'e Republyk fan 'e Feriene Nederlannen bestie yn 'e santjinde iuw grutte frijheid, fral yn ferliking mei de sitewaasje yn oare Jeropeeske lannen út dy tiid, mar dy frijheid hie wol grinzen. Dat ûntdiek Spinoza trochdat syn freon en folgeling Adraan Koerbagh yn 1668 yn it tichthûs kaam. Reden dêrfoar wie dat er opstokeljende teksten skreaun hawwe soe. In jier letter kaam Koerbagh te ferstjerren. Syn dea moat Spinoza djip rekke hawwe, mar der is gjin reäksje fan bewarre bleaun. Wol waard Spinoza yn 'e rin fan 'e jierren foarsichtiger. Hy naam as biedwurd caute ("hoedenens") oan, in wurd dat er yn syn segelring gravearje liet.

 
It stânbyld fan Spinoza op 'e Zwanenburgwal yn Amsterdam.

De Tractatus Theologico-Politicus ferskynde yn 1670 anonym en mei in falsk útjouwersadres. Spinoza woe ek net dat der in Nederlânske oersetting fan kaam. Dat soe foar de autoriteiten nammentlik in reden wêze kinne om ek it Latynske orizjineel te ferbieden. Mar nei it Rampjier 1672, dat de ein fan it Earste Steedhâlderleaze Tiidrek en de weromkear fan it Hûs Oranje-Nassau yn it sintrum fan 'e macht betsjutte, boaze it politike klimaat yn it gewest Hollân sa fluch oan dat it wurk dochs ferbean waard. It effekt fan it ferbod bliek lykwols goed foar it boek te wêzen, en de útjouwer joech noch ferskate nije (klandestine) printingen út.

Wierskynlik yn 1670, mar yn elts gefal earne tusken septimber 1669 en febrewaris 1671, ferfear Spinoza nei De Haach. Hy wenne dêr earst oan 'e Stille Veerkade, mar yn maaie 1671 kaam er by de famylje Van Spijk oan 'e Paviljoensgrêft te wenjen, dêr't er oan syn dea ta bliuwe soe. Yn De Haach libbe er fan in lyts pinsjoen dat him takend wie troch de Hollânske riedpinsjonaris Johan de Witt en in lyts jierjild fan 'e broer fan syn ferstoarne freon Simon de Vries. Hy wurke oan 'e Ethica, skreau in ûnfoltôge grammatika fan it Hebriuwsk, sette útein mei syn, krektlyk ûnfoltôge bleaune, Tractatus Politicus ("Polityk Traktaat") en skreau twa koarte wittenskiplike essays ("Oer de Reinbôge" en "Oer de Kânsberekkening"). Ek prebearre er in Nederlânsktalige oersetting fan 'e Bibel te meitsjen, mar it wurk dat er dêroan die, ferneatige er letter sels.

 
It Spinozahûs yn De Haach, dêr't Spinoza wenne fan 1670 oant syn dea yn 1677.

Doe't in breinroere kliber folk op 20 augustus 1672 de bruorren De Witt lynchte, makke Spinoza dat fan tichteby mei. It skokte him sa, dat er in plakkaat by it plak dêr't it bard wie ophingje woe. Dat soe him nei alle gedachten djip yn 'e swierrichheden brocht hawwe, it politike klimaat yn acht nommen, mar syn hûsbaas wist it him te ûntpraten.

Yn 1674 foltôge Spinoza syn Ethica. It manuskript wie it jiers dêrop klear om printe te wurden, en Spinoza gie dermei nei Amsterdam om dêr de útjefte te besoargjen. Doe't er dêrmei dwaande wie, waard der al rabbe oer it boek. Spinoza soe mei it wurk oantoane wolle dat God net bestie. Hy waard útmakke foar ateïst (doedestiden in slimme mislediging) en guon predikanten stapten al nei de oerheid om har beklach te dwaan, ek al hie nimmen it boek noch lêzen. De sfear waard sa fijannich dat Spinoza besleat om foarearst ôf te sjen fan publikaasje. Ynstee burch er it manuskript op, yn ôfwachting fan bettere tiden.

Yn 1677 rekke Spinoza slim siik. Wêr't er krekt mei oanhelle rekke, is net alhiel dúdlik, mar it wie in longsykte, en syn moderne biografen geane ornaris út fan tuberkuloaze of silikoaze, in oandwaning dy't sûnder mis oanboaze troch syn jierrenlange ynhalaasje fan glêsstof troch it slypjen fan linzen. Spinoza ferstoar op 21 febrewaris 1677 yn 'e âlderdom fan 44 jier. Hy waard begroeven op it (kristlike) tsjerkhôf fan 'e Nije Tsjerke yn De Haach, dêr't syn grêf noch altyd leit.

 
It grêf fan Benedictus de Spinoza op it tsjerkhôf fan 'e Nije Tsjerke yn De Haach.

Doe't er de ein neieroan kommen fielde, joech Spinoza syn hûsbaas Van Spijk opdracht it manuskript fan 'e Ethica yn it gefal fan syn ferstjerren daliks nei de útjouwer yn Amsterdam te stjoeren. Van Spijk die sa't him frege wie, en ferstjoerde Spinoza syn lessener mei ynhald daliks mei it lûkskip nei Amsterdam. Binnen it jier ferskynde doe de Opera Posthuma ("Postume Wurken"), mei as Nederlânske ûndertitel De Nagelate Schriften van BdS. Njonken de Ethica befette it boek ek noch brieven en in trijetal ûnfoltôge ferhannelings.

Leafdeslibben

bewurkje seksje

Om't de ideeën fan Spinoza yn syn tiid as ateïstysk beskôge waarden (in kwalifikaasje dy't hysels trouwens altyd bestriden hie), fernuveren syn tiidgenoaten harren oer syn libben. Dat wie nammentlik net lossinnich sa't men fan in ateïst ferwachtsje soe. Ut tsjûgenissen komt nei foarren dat Spinoza in beskieden, rêstich en sêftmoedich persoan wie. Krekt dy kombinaasje hat frijwat ta de ferbylding sprutsen.

Spinoza troude nea. Der is mar ien ferhaal bekend dêr't syn belangstelling foar it oare slachte út blike soe, in anekdoate út in iere biografy troch Johannes Colerus. Neffens dat ferhaal soe de 23-jierrige Spinoza yn 1656, doe't er yn 'e lear wie by Franciscus van den Enden, smoarfereale rekke wêze op dy syn dochter Clara Maria, mar it famke soe him ôfwiisd hawwe yn it foardiel fan in mear begoedige learling fan har heit. Dit ferhaal wurdt troch de measte moderne Spinoza-biografen net serieus nommen, om't Clara yn 1643 berne wie en dus yn 1656 noch mar trettjin jier west hawwe soe. Fan har is fierders bekend dat se yn 1671 troude mei Dirck Kerckring.

Yn in gedicht út 1683 liket Joachim Oudaen te suggerearjen dat Spinoza homoseksueel wie (yn dy tiid in skandaal fan it slimste soarte). Dêr binne lykwols út gjin inkele oare boarne oanwizings, lit stean bewizen foar. De histoarisy Jan en Annie Romein hawwe suggerearre dat Spinoza aseksueel wurden wêze soe as gefolch fan tuberkuloaze.

 
In brief fan Spinoza oan Gottfried Wilhelm Leibniz.

Spinoza wie in evenredich man en publisearre net in soad, mar dochs wied er al by syn libben ferneamd en sels (yn guon fermiddens) berucht. Hy ûntfong besite dy't spesjaal om him te moetsjen fan fierrens reizge, en ek waard him in learstoel oanbean oan 'e Ruprecht-Karls-Universität yn Heidelberch, yn it Dútske Karfoarstedom fan 'e Palts. Dat oanbod sloech er op hoaske wize ôf, om't er ferwachte bûten de Republyk syn frijheid fan tinken opjaan te moatten.

Al ier krige Spinoza de reputaasje in ateïst te wêzen. Doe't nei syn dea de Ethica ferskynde, waard dat boek ek sjoen as it wurk fan in ateïst. Al rillegau dêrnei ferwaard it etiket 'spinozist' ta in ynhâldleas skelwurd, brûkt om lju fertocht te meitsjen fan ateïsme.

Spinoza syn wurken sirkulearren klandestyn, sadat net in protte minsken der kennis fan namen, wylst eltsenien der wol in miening oer hie. Oan 'e ein fan 'e achttjinde iuw kaam de filosofy fan Spinoza yn it sintrum fan de belangstelling te stean. Syn boeken waarden fan dy tiid ôf in soad lêzen en syn ideeën oefenen grutte ynfloed út op 'e Dútske Romantyk en op it Dútske ideälisme troch it wurk fan Johann Wolfgang von Goethe, Johann Gottfried von Herder, Friedrich von Schelling, Georg Wilhelm Friedrich Hegel en oaren. Dêrtroch ûntstie in nije bredere ynteresse yn syn wurken. In soad tinkers besochten Spinoza te ynterpretearjen as foarrinner fan harren eigen filosofy. Hegel sei: "It feit is dat Spinoza ta in testpunt yn 'e moderne filosofy wurden is, sadat men sizze kin: 'Je binne òf in spinozist òf hielendal gjin filosoof'."

De tweintichste iuw waard karakterisearre troch in grutte ynfloed fan wittenskiplike Spinoza-literatuer. Noch altyd is der in grutte fassinaasje foar projekten wêryn't alles fan fysika en kenteory oant libbenslear en politike filosofy stap foar stap ûntwikkele wurdt fanút in beheind tal metafysyske begjinsels oer it aard fan God of de natoer. Dat hat derfoar soarge dat sûnt de ein fan 'e njoggentjinde iuw rûnom heech by Spinoza opsjoen wurdt.

 
De omslach fan Spinoza's wichtichste wurk, de Ethica Ordine Geometrico Demonstrata

(op folchoarder fan datum fan skriuwen, net fan útjefte)

  • 1660 – Tractatus de Deo et Homine Ejusque Felicitate of Korte Verhandeling van God, de Mensch en deszelvs Welstand
("Koarte Ferhanneling oer God, de Minske en dy syn Wolwêzen"; ornaris bekend as "De Koarte Ferhanneling")
Dit wurk bleau lang ûnútjûn. Men ûntdiek de tekst omtrint 1810 en publisearre him yn 1867.
  • 1660 – Tractatus de Intellectus Emendatione (ûnfoltôge)
("Ferhanneling oer de Ferbettering fan it Begryp")
Spinoza behannelet de foarmen fan persepsje. Publisearre yn 1677 yn 'e Opera Posthuma
  • 1663 – Renati Des Cartes Principia Philosophiae
("De Filosofyske Prinsipes fan René Descartes"; bekend as de Principia)
Dizze tekst ûntstie út 'e lessen dy't Spinoza joech oan syn learling Caesarius.
  • 1663 – Cogitata Metaphysica
("Metafysysk Begryp")
Oer de teory fan it wêzen en syn ferskynswizen, God, syn attributen en de minsklike siel.
  • 1670 – Tractatus Theologico-Politicus
("Teologysk-Polityk Traktaat")
Mei dizze tekst toant Spinoza oan dat de frijheid fan filosofearjen in ûnmisber ûnderdiel is foar de frede yn 'e steat. Hy giet yn op 'e profesij; God sprekt troch de profeet en profesij ûntlient syn gesach oan it gegeven dat er troch God ynspirearre is. De profeet bewiist dus net, mar seit. Neffens himsels seit er de wierheid, sûnder dy te ûnderstypjen mei bewizen.
("Etyk Demonstrearre yn Geometryske Oarder"; ornaris bekend as de Ethica)
It wurk dêr't Spinoza al yn 1665 in grut diel fan klear hie (trije dielen) en dat er yn 1674 foltôge (fiif dielen). It waard lykwols pas nei syn dea útjûn, yn 1677.
  • 1676 – Tractatus Politicus (ûnfoltôge)
("Polityk Traktaat")
Oan dit wurk hat Spinoza de lêste twa jier fan syn libben wurke. Spriek er yn it Tractatus Theologico-Politicus noch oer it 'maatskiplik kontrakt', no ferfangt er dat troch passys, belangen en ynstellingen.
  • 1677 – Epistolae
  • 1677 – Compendium Grammatices Linguae Hebraeae
("Grammatikale Gearstalling oer de Hebriuwske Taal")
Behannelet de grammatika fan it Hebriuwsk en ferliket dy mei dy fan it Latyn

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.