Heidelberch
Lân Dútslân
Dielsteat: Baden-Wuertemberch
Krite: Kreisfreie Stadt
Ynwennertal 160.355 (1473 ynw/km²)(2018)
Oerflak: 108,83 km²
Tiidsône: CET/CEST (UTC+1/+2)
Koördinaten: 49° 25' NB, 08° 43' EL
Webside: www.heidelberg.de


Heidelberch (Dútsk: Heidelberg) is in stêd yn de Dútske dielsteat Baden-Wuertemberch, net fier fan de mûning fan de Neckar yn de Ryn. De stêd is bekend om syn histoaryske sintrum en universiteit. De winkelstrjitte yn it sintrum tusken Bismarckplatz en it Heidelberger Schloss is 1,6 kilometer lang.

Heidelberch

De stêd waard yn 1196 foar it earst yn offisjele dokuminten neamd. Yn 1386 waard yn Heidelberch de Ruprecht-Karls-Universität stifte, de âldste universiteit fan Dútslân.

Yn de earste helte fan de 16e iuw begjint de Reformaasje yn it súdwesten fan Dútslân. Yn 1563 ferskynd yn Heidelberch de Heidelberchske Kategismus en yn 1572 de earste Dútske oersetting fan "Institutio Christianae Religionis", it wichtichste wurk fan Jehannes Kalvyn.

Yn de Twadde Wrâldkriich is de stêd net bot skeind troch bombardeminten.

Nijsgjirrich

bewurkje seksje

"De Alde Friezen" is in liet skreaun troch Eeltsje Halbertsma en foar it earst publiseare yn de twadde printinge fan "De Lapekoer fen Gabe Skroor", yn 1829. By de meldije, dy't efteryn it boek opnaam is, stiet gjin komponist, mar it is de meldije fan "Vom hoh'n Olymp" fan Heinrich Christian Schnoor, dy't Halbertsma faaks leard hat yn de tiid dat er studint wie yn Heidelberch.

  • Kastiel fan Heidelberch
  • Völkerkundemuseum
  • Deutsches Apotheken-Museum
  • Verpackungsmuseum
  • Prinzhorn-Sammlung
  • Carl Bosch Museum
  • Kurpfälzisches Museum der Stadt Heidelberg

Berne yn Heidelberch

bewurkje seksje

Stoarn yn Heidelberch

bewurkje seksje
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Heidelberch fan Wikimedia Commons.
  Baden-Wuertemberch  
Regierungsbezirke

Freiburg - Karlsruhe - Stuttgart - Tübingen

Landkreise

Alb-Donau-Kreis - Biberach - Bodenseekreis - Böblingen - Breisgau-Hochschwarzwald - Calw - Konstanz - Emmendingen - Enzkreis - Esslingen - Freudenstadt - Göppingen - Heidenheim - Heilbronn - Hohenlohekreis - Karlsruhe - Lörrach - Ludwigsburg - Main-Tauber-Kreis - Neckar-Odenwald-Kreis - Ortenaukreis - Ostalbkreis - Rastatt - Ravensburg - Rems-Murr-Kreis - Reutlingen - Rhein-Neckar-Kreis - Rottweil - Schwäbisch Hall - Schwarzwald-Baar-Kreis - Sigmaringen - Tübingen - Tuttlingen - Waldshut - Zollernalbkreis

Kreisfreie Städte

Baden-Baden - Freiburg im Breisgau - Heidelberch - Heilbronn - Karlsruhe - Mannheim - Pforzheim - Stuttgart - Ulm

  ·   ·