Neckar-Odenwald-Kreis
Neckar-Odenwald-Kreis is in bestjoerlik distrikt yn it noarden fan 'e Dútske dielsteat Baden-Wuertemberch. De lânkring waard yn 1973 oprjochte en de sit fan 'e lânkring is yn 'e Große Kreisstadt Mosbach.
Neckar-Odenwald-Kreis | ||
wapen | ||
Statistyk | ||
Ynwennertal | 145.493 (2022) | |
Oerflak | 1.125,95 km² | |
Befolkingsticht. | 129 ynw./km² | |
Polityk | ||
Lân | Dútslân | |
Dielsteat | Baden-Wuertemberch | |
Regierungsbezirk | Karlsruhe | |
Oar | ||
Adres bestjoer | Neckarelzer Straße 7 74821 Mosbach | |
Koördinaten | 49° 20' N 9° 8' E | |
Oprjochting | 1973 | |
Yndieling | 27 gemeenten | |
Kenteken | MOS, BCH | |
NUTS-koade | DE127 | |
Kreiskaai | 08 2 25 | |
Webside | neckar-odenwald-kreis.de |
Stêden en gemeenten
bewurkje seksjeYn 'e lânkring lizze de folgjende stêden en gemeenten:
Stêden | |
---|---|
Gemeenten | |
---|---|
Mosbach is de iennige Große Kreisstadt fan 'e lânkring.
Gearwurkingsferbannen
bewurkje seksjeYn 'e lânkring binne twa ferskillende soarten gearwurkingsferbannen:
- Gemeindeverwaltungsverbände (GVV).
- Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaften (VVG).
Gemeindeverwaltungsverbände yn 'e lânkring binne:
- GVV Hardheim-Walldürn mei de sit yn Walldürn; oansletten gemeenten: de stêd Walldürn en de gemeenten Hardheim en Höpfingen.
- GVV Kleiner Odenwald mei de sit yn Aglasterhausen; oansletten gemeenten: Aglasterhausen, Neunkirchen en Schwarzach.
- GVV Neckargerach-Waldbrunn mei de sit yn Neckargerach; oansletten gemeenten: Binau, Neckargerach, Waldbrunn en Zwingenberg.
- GVV Osterburken mei de sit yn Osterburken; oansletten gemeenten: de stêden Osterburken en Ravenstein en de gemeente Rosenberg.
- GVV Schefflenztal mei de sit yn Schefflenz; oansletten gemeenten: Billigheim en Schefflenz.
- GVV Seckachtal mei de sit yn Adelsheim; oansletten gemeenten: de stêd Adelsheim en de gemeenten Seckach.
Verwaltungsgemeinschaften yn 'e lânkring binne:
- VVG Limbach-Fahrenbach mei de sit yn Limbach; oansletten gemeenten: Limbach en Fahrenbach.
- VVG Mosbach mei de sit yn Mosbach; oansletten gemeenten: de stêd Mosbach en de gemeenten Elztal, Neckarzimmern en Obrigheim.
- VVG Haßmersheim-Hüffenhardt mei de sit yn Haßmersheim; oansletten gemeenten Haßmersheim und Hüffenhardt.
In GVV is in gearwurking tusken teminsten twa gemeenten yn Baden-Wuertemberch mei it doel om yn it ramt fan gemeentlik selsbestjoer yn in grutter ferbân publike taken út te fieren, sûnder dêrby selsstannigens yn te leverjen. Sa wurde bygelyks de administraasjes fan 'e yn in VVG oansletten gemeenten gearfoege, itjinge jild útsparret. In oar foarbyld fan in taak kin bygelyks it ferstjoeren fan belestingoanslaggen oan ynwenners fan 'e oansletten gemeenten wêze. Yn oare Dútske dielsteaten binne soartegelikense gearwurkingsferbannen tusken gemeenten ûnder oare nammen bekend.[1]
De VVG is in foarm fan yntergemeentlike gearwurking yn Baden-Wuertemberch. Yn dat gefal nimt in gemeente (yn it Dútsk in erfüllende Gemeinde of ferfangende gemeente) taken fan in GVV oer, sûnder dat in GVV de juridyske selsstannigens ferliest. De VVG hat sels dus gjin juridysk foech en is likemin in gemeenteferbân. In VVG wurdt troch in bestjoersoerienkomst oprjochte en bestiet út meardere oanbuorjende gemeenten yn in mienskiplike lânkring.[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: de:Neckar-Odenwald-Kreis, ferzje 28 maaie 2024.
|
Baden-Wuertemberch | ||
---|---|---|
Regierungsbezirke | ||
Landkreise Alb-Donau-Kreis - Biberach - Bodenseekreis - Böblingen - Breisgau-Hochschwarzwald - Calw - Konstanz - Emmendingen - Enzkreis - Esslingen - Freudenstadt - Göppingen - Heidenheim - Heilbronn - Hohenlohekreis - Karlsruhe - Lörrach - Ludwigsburg - Main-Tauber-Kreis - Neckar-Odenwald-Kreis - Ortenaukreis - Ostalbkreis - Rastatt - Ravensburg - Rems-Murr-Kreis - Reutlingen - Rhein-Neckar-Kreis - Rottweil - Schwäbisch Hall - Schwarzwald-Baar-Kreis - Sigmaringen - Tübingen - Tuttlingen - Waldshut - Zollernalbkreis | ||
Kreisfreie Städte Baden-Baden - Freiburg im Breisgau - Heidelberch - Heilbronn - Karlsruhe - Mannheim - Pforzheim - Stuttgart - Ulm | ||
· · |