Baden-Baden
Baden-Baden is in stedsdistrikt (kreisfreie Stadt) yn de Dútske dielsteat Baden-Wuertemberch. De stêd hat 54.836 ynwenners (2000).
Namme
bewurkje seksjeDe stêd hjitte yn it earstoan fan Baden, mar waard faak Baden in Baden neamd, om ûnderskied te meitsjen mei Baden bei Wien of Baden (Switserlân). Yn 1931 waard de namme offisjeel feroare yn Baden-Baden. It markgreefskip Baden hie hjir syn begjin, lykas ek it ferpartsjen yn Baden-Hachberg, Baden-Sausenberg, (markgreefskip) Baden-Durlach en markgreefskip Baden-Baden. Yn it lêste gefal hat de dûbele namme in oare oarsprong as de dûbele namme fan de stêd.
Skiednis
bewurkje seksjeBy de âlde Romeinen wie de waarmwetterboarne mei temperatueren oant 68 graden Celsius op dit plak al bekend en doe hjitte it plak Aquae. Om 260 hinne waard de delsetting troch de Alemannen ferôvere en de termen fernield. De boarne rekke fergetten. Yn 1112 festige de markgreve fan Baden syn residinsje yn it plak. Om 1250 hinne krige it plak stedsrjochten en yn 1306 waard de waarmwetterboarne wer yn gebrûk naam. Yn de 19e iuw waard it plak de simmerhaadstêd fan Europa neamd. Yn dy tiid kamen begoedigen út hiel Europa in skoft fan it jier nei Baden-Baden om te ûntspannen. Wichtige besikers wienen ûnder oaren keninginne Victoria, keizer Wilhelm I en Napoleon III. De komponist Johannes Brahms wenne fan 1863 oant 1874 yn de stêd en de Russyske skriuwer Ivan Toergenjev hâlde der ek geregeldwei ta.
Yn de Twadde Wrâldkriich bleau de stêd sparre fan alliearde bombardeminten; dêrnei wie it haadkertier fan de Frânske besettingssône.
Stedsyndieling
bewurkje seksjeDe Stadtkreis Baden-Baden bestiet út: Oos, Sandweier, Haueneberstein, Balg, Ebersteinburg, Weststadt mei de Ooswinkel, Cité, Innenstadt, Lichtental mei Oberbeuern, Geroldsau, Neuweier, Steinbach en Varnhalt.
-
Balg-Santa Eucharius
-
Ebersteinburg-Santa Antonius
-
Geroldsau-Heilig-Geist
-
Haueneberstein-Santa Bartholomaeus
-
Innenstadt-Spitalkerk
-
Lichtental-Santa Bonifatius
-
Lichtental-Luther tsjerke
-
Neuweier-Santa Michael
-
Oos-Santa Dionysius
-
Sandweier-Santa Katharina
-
Steinbach-Santa Jakobus
-
Varnhalt-Herz Jesu
-
Weststadt-Santa Bernhardus
Berne yn Baden-Baden
bewurkje seksje- Bernard van Baden (1428-1458), Markgreve fan Baden
- Max van Baden (1867-1929), erfgruthartoch, rykskanselier
- Lina Radke (1903-1983), hurdrinster
- Gerhard Durlacher (1928-1996), Nederlânsk skriuwer
-
De Florentinerberg mei New Castle (top right), the Caracalla Spa (bottom right), and the Friedrichsbad (bottom left)
-
Stiftskirche yn Baden-Baden
-
Kurhaus mei kasino yn Baden-Baden
-
De Trinkhalle mei de mineraalwetterwel
-
Brenner's Park-Hotel & Spa
-
Russische Kirche, in ortodokse tsjerke yn Baden-Baden
-
Friedrichsbad, it Nije Kastiel en Kleasterskoalle fan it Hillige Grêf
-
It Friedrichsbad
-
Boarstbyld fan Johannes Brahms
-
Boarstbyld fan Ivan Toergenjev
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Baden-Baden fan Wikimedia Commons. |
Baden-Wuertemberch | ||
---|---|---|
Regierungsbezirke | ||
Landkreise Alb-Donau-Kreis - Biberach - Bodenseekreis - Böblingen - Breisgau-Hochschwarzwald - Calw - Konstanz - Emmendingen - Enzkreis - Esslingen - Freudenstadt - Göppingen - Heidenheim - Heilbronn - Hohenlohekreis - Karlsruhe - Lörrach - Ludwigsburg - Main-Tauber-Kreis - Neckar-Odenwald-Kreis - Ortenaukreis - Ostalbkreis - Rastatt - Ravensburg - Rems-Murr-Kreis - Reutlingen - Rhein-Neckar-Kreis - Rottweil - Schwäbisch Hall - Schwarzwald-Baar-Kreis - Sigmaringen - Tübingen - Tuttlingen - Waldshut - Zollernalbkreis | ||
Kreisfreie Städte Baden-Baden - Freiburg im Breisgau - Heidelberch - Heilbronn - Karlsruhe - Mannheim - Pforzheim - Stuttgart - Ulm | ||
· · |