Gerhard Durlacher

Gerhard Leopold Durlacher (Baden-Baden, 10 july 1928Haarlim, 2 july 1996) wie in Nederlânsk auteur, sosjolooch en Holokaustoerlibbene.

Gerhard Durlacher
skriuwer
Búste fan Gerhard Durlacher yn brûns
Búste fan Gerhard Durlacher yn brûns
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 10 july 1928
berteplak Baden-Baden flagge fan Dútslân
stoarn 2 july 1996
stjerplak Haarlim
wurk
taal Ingelsk,
Russysk
sjenre Romans,
Koarte ferhalen
bekendste
  wurk(en)
Drenkeling,
Strepen aan de hemel,
Quarantaine
Stolpersteine fan de famylje Durlacher yn Baden-Baden

Libben bewurkje seksje

Durlacher waard berne yn in liberaal-joadske húshâlding yn Dútslân. Op 'e flecht foar de nazys fêstige de húshâlding Durlacher him yn Rotterdam yn 1937. Lykwols waard de húshâlding yn oktober 1942 nei kamp Westerbork transportearre. Dêrnei gie it nei Theresienstadt en letter nei Auschwitz. Op 8 maaie 1945 waard Gerhard Durlacher troch de Russen befrijd. Syn heit ferlear it libben yn Bergen-Belsen, syn mem stoar yn Stutthof.

Fan 1964 oant ein 1983 wie G.L. Durlacher dosint sosjology oan de Universiteit fan Amsterdam. Yn 1995 krige er in earedoktoraat fan dy universiteit.

Pas op letter jierren skreau Durlacher in tal boeken oer syn ûnderfinings yn de Twadde Wrâldoarloch: as Joadsk jonkje yn Baden-Baden yn it boek Drenkeling en as kampfinzene yn Strepen aan de hemel. Yn dat lêste boek útere Durlacher skerpe krityk op de alliearden dy't net yngriepen, hoewol't hja goed op de hichte wiene fan it lot fan de Joaden yn de fan nazy-Dútslân besette lannen.

Juli 1996 stoar Durlacher hommels yn syn wenplak Haarlim.

Trivia bewurkje seksje

G.L. Durlacher hie trije dochters, ûnder oaren de skriuwster Jessica Durlacher.

Prizen bewurkje seksje

  • Drenkeling waard yn 1994 bekroand mei de Anne Frank-priis (in Switserske priis, net deselde as de Nederlânske).
  • Yn 1994 krige Durlacher de AKO Literatuerpriis foar Quarantaine.

Bibliografy bewurkje seksje

  • 1965 - De laagst betaalden (sosjologyske stúdzje)
  • 1985 - Strepen aan de hemel (novelle)
  • 1987 - Drenkeling: kinderjaren in het Derde Rijk
  • 1991 - De zoektocht
  • 1993 - Quarantaine (ferhalen)
  • 1995 - Niet verstaan (ferhalen)
  • 1997 - Verzameld werk