Alb-Donau-Kreis
De Alb-Donau-Kreis is in lânkring yn 'e Dútske dielsteat Baden-Wuertemberch. De lânkring is yn 1973 oprjochte en hat in oerflak fan 1.358,09 km².
Alb-Donau-Kreis | ||
wapen | ||
Statistyk | ||
Ynwennertal | 202.476 (2022) | |
Oerflak | 1.358,54 km² | |
Befolkingsticht. | 149 ynw./km² | |
Polityk | ||
Lân | Dútslân | |
Dielsteat | Baden-Wuertemberch | |
Regierungsbezirk | Tübingen | |
Oar | ||
Adres bestjoer | Schillerstraße 30 89077 Ulm | |
Koördinaten | 48° 23' N 9° 58' E | |
Oprjochting | 1973 | |
Yndieling | 55 gemeenten | |
Kenteken | UL | |
NUTS-koade | DE145 | |
Kreiskaai | 08 4 25 | |
Webside | alb-donau-kreis.de |
Stêden en gemeenten
bewurkje seksjeYn 'e Alb-Donau-Kreis lizze de folgjende stêden en gemeenten:
Stêden | |
---|---|
Gemeenten | |
---|---|
Ehingen is de iennige Große Kreisstadt.
Gearwurkingsferbannen
bewurkje seksjeYn 'e lânkring binne twa ferskillende soarten gearwurkingsferbannen:
- Gemeindeverwaltungsverbände (GVV).
- Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaften (VVG).
Gemeindeverwaltungsverband binne:
- GVV Dietenheim mei de sit yn Dietenheim; oansletten gemeenten binne: de stêd Dietenheim en de gemeenten Balzheim en Illerrieden.
- GVV Kirchberg-Weihungstal mei de sit yn Illerkirchberg; oansletten gemeenten binne: Hüttisheim, Illerkirchberg, Schnürpflingen en Staig.
- GVV Laichinger Alb mei de sit yn Heroldstatt; oansletten gemeenten binne: de stêd Laichingen en de gemeenten Heroldstatt, Merklingen, Nellingen en Westerheim.
- GVV Langenau mei de sit yn Langenau; oansletten gemeenten binne: de stêd Langenau en de gemeenten Altheim (Alb), Asselfingen, Ballendorf, Bernstadt, Börslingen, Breitingen, Holzkirch, Neenstetten, Nerenstetten, Öllingen, Rammingen, Setzingen en Weidenstetten.
- GVV Lonsee-Amstetten mei de sit yn Lonsee; oansletten gemeenten binne: Amstetten en Lonsee.
- GVV Munderkingen mei de sit yn Munderkingen; oansletten gemeenten binne: de stêd Munderkingen en de gemeenten Emeringen, Emerkingen, Grundsheim, Hausen am Bussen, Lauterach, Obermarchtal, Oberstadion, Rechtenstein, Rottenacker, Untermarchtal, Unterstadion en Unterwachingen.
Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaften binne:
- VVG fan 'e gemeente Allmendingen mei de gemeente Altheim.
- VVG fan 'e stêd Blaubeuren mei de gemeente Berghülen.
- VVG fan 'e gemeente Dornstadt mei de gemeenten Beimerstetten en Westerstetten.
- VVG fan 'e stêd Ehingen (Donau) mei de gemeenten Griesingen, Oberdischingen en Öpfingen.
In GVV is in gearwurking tusken teminsten twa gemeenten yn Baden-Wuertemberch mei it doel om yn it ramt fan gemeentlik selsbestjoer yn in grutter ferbân publike taken út te fieren, sûnder dêrby selsstannigens yn te leverjen. Sa wurde bygelyks de administraasjes fan 'e yn in VVG oansletten gemeenten gearfoege, itjinge jild útsparret. In oar foarbyld fan in taak kin bygelyks it ferstjoeren fan belestingoanslaggen oan ynwenners fan 'e oansletten gemeenten wêze. Yn oare Dútske dielsteaten binne soartegelikense gearwurkingsferbannen tusken gemeenten ûnder oare nammen bekend.[1]
De VVG is in foarm fan yntergemeentlike gearwurking yn Baden-Wuertemberch. Yn dat gefal nimt in gemeente (yn it Dútsk in erfüllende Gemeinde of ferfangende gemeente) taken fan in GVV oer, sûnder dat in GVV de juridyske selsstannigens ferliest. De VVG hat sels dus gjin juridysk foech en is likemin in gemeenteferbân. In VVG wurdt troch in bestjoersoerienkomst oprjochte en bestiet út meardere oanbuorjende gemeenten yn in mienskiplike lânkring.[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: de:Alb-Donau-Kreis, ferzje 28 maaie 2024.
|
Baden-Wuertemberch | ||
---|---|---|
Regierungsbezirke | ||
Landkreise Alb-Donau-Kreis - Biberach - Bodenseekreis - Böblingen - Breisgau-Hochschwarzwald - Calw - Konstanz - Emmendingen - Enzkreis - Esslingen - Freudenstadt - Göppingen - Heidenheim - Heilbronn - Hohenlohekreis - Karlsruhe - Lörrach - Ludwigsburg - Main-Tauber-Kreis - Neckar-Odenwald-Kreis - Ortenaukreis - Ostalbkreis - Rastatt - Ravensburg - Rems-Murr-Kreis - Reutlingen - Rhein-Neckar-Kreis - Rottweil - Schwäbisch Hall - Schwarzwald-Baar-Kreis - Sigmaringen - Tübingen - Tuttlingen - Waldshut - Zollernalbkreis | ||
Kreisfreie Städte Baden-Baden - Freiburg im Breisgau - Heidelberch - Heilbronn - Karlsruhe - Mannheim - Pforzheim - Stuttgart - Ulm | ||
· · |