Karlsruhe (Landkreis)

De Landkring Karlsruhe is in bestjoerlik distrikt yn 'e Dútske dielsteat Baden-Wuertemberch. De lânkring waard oprjochte yn 1938.

Lânkring Karlsruhe
wapen
Statistyk
Ynwennertal 454.613(2022)
Oerflak 1.084,97 km²
Befolkingsticht. 419 ynw./km²
Polityk
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Baden-Wuertemberch
Regierungsbezirk Karlsruhe
Oar
Adres bestjoer Beiertheimer Allee 2
76137 Karlsruhe
Koördinaten 49° 4' N 8° 31' E
Oprjochting 1938
Yndieling 32 gemeenten
Kenteken KA
NUTS-koade DE123
Kreiskaai 08 2 15
Webside landkreis-karlsruhe.de

Stêden en gemeenten

bewurkje seksje

Yn 'e lânkring lizze de folgjende stêden en gemeenten:

 
Kaart lânkring neffens gemeenteyndieling.
Stêden
  1. Bretten
  2. Bruchsal
  3. Ettlingen
  4. Kraichtal
  5. Östringen
  1. Philippsburg
  2. Rheinstetten
  3. Stutensee
  4. Waghäusel
Gemeenten
  1. Bad Schönborn
  2. Dettenheim
  3. Eggenstein-Leopoldshafen
  4. Forst
  5. Gondelsheim
  6. Graben-Neudorf
  7. Hambrücken
  8. Karlsbad
  9. Karlsdorf-Neuthard
  10. Kronau
  11. Kürnbach
  12. Linkenheim-Hochstetten
  1. Malsch
  2. Marxzell
  3. Oberderdingen
  4. Oberhausen-Rheinhausen
  5. Pfinztal
  6. Sulzfeld
  7. Ubstadt-Weiher
  8. Waldbronn
  9. Walzbachtal
  10. Weingarten (Baden)
  11. Zaisenhausen

Bretten, Bruchsal, Ettlingen, Rheinstetten, Stutensee en Waghäusel binne Große Kreisstädte.

Gearwurkingsferbannen

bewurkje seksje

Yn 'e lânkring binne twa ferskillende soarten gearwurkingsferbannen:

  • Gemeindeverwaltungsverbände (GVV).
  • Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaften (VVG).

It iennige Gemeindeverwaltungsverband yn 'e lânkring is:

  • GVV Philippsburg mei de sit yn Philippsburg; oansletten gemeenten binne: de stêd Philippsburg en de gemeente Oberhausen-Rheinhausen.

Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaften yn 'e lânkring binne:

  • VVG fan 'e gemeente Bad Schönborn mei de gemeente Kronau.
  • VVG fan 'e stêd Bretten mei de gemeente Gondelsheim.
  • VVG fan 'e stêd Bruchsal mei de gemeenten Forst, Hambrücken und Karlsdorf-Neuthard.
  • VVG fan 'e gemeente Graben-Neudorf mei de gemeente Dettenheim.
  • VVG fan 'e stêd Oberderdingen mei de gemeente Kürnbach.
  • VVG fan 'e gemeente Sulzfeld mei de gemeente Zaisenhausen.

In GVV is in gearwurking tusken teminsten twa gemeenten yn Baden-Wuertemberch mei it doel om yn it ramt fan gemeentlik selsbestjoer yn in grutter ferbân publike taken út te fieren, sûnder dêrby selsstannigens yn te leverjen. Sa wurde bygelyks de administraasjes fan 'e yn in VVG oansletten gemeenten gearfoege, itjinge jild útsparret. In oar foarbyld fan in taak kin bygelyks it ferstjoeren fan belestingoanslaggen oan ynwenners fan 'e oansletten gemeenten wêze. Yn oare Dútske dielsteaten binne soartegelikense gearwurkingsferbannen tusken gemeenten ûnder oare nammen bekend.[1]

De VVG is in foarm fan yntergemeentlike gearwurking yn Baden-Wuertemberch. Yn dat gefal nimt in gemeente (yn it Dútsk in erfüllende Gemeinde of ferfangende gemeente) taken fan in GVV oer, sûnder dat in GVV de juridyske selsstannigens ferliest. De VVG hat sels dus gjin juridysk foech en is likemin in gemeenteferbân. In VVG wurdt troch in bestjoersoerienkomst oprjochte en bestiet út meardere oanbuorjende gemeenten yn in mienskiplike lânkring.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: de:Landkreis Karlsruhe.


 
Baden-Wuertemberch
 
Regierungsbezirke

Freiburg - Karlsruhe - Stuttgart - Tübingen

Landkreise
Alb-Donau-Kreis - Biberach - Bodenseekreis - Böblingen - Breisgau-Hochschwarzwald - Calw - Konstanz - Emmendingen - Enzkreis - Esslingen - Freudenstadt - Göppingen - Heidenheim - Heilbronn - Hohenlohekreis - Karlsruhe - Lörrach - Ludwigsburg - Main-Tauber-Kreis - Neckar-Odenwald-Kreis - Ortenaukreis - Ostalbkreis - Rastatt - Ravensburg - Rems-Murr-Kreis - Reutlingen - Rhein-Neckar-Kreis - Rottweil - Schwäbisch Hall - Schwarzwald-Baar-Kreis - Sigmaringen - Tübingen - Tuttlingen - Waldshut - Zollernalbkreis

Kreisfreie Städte
Baden-Baden - Freiburg im Breisgau - Heidelberch - Heilbronn - Karlsruhe - Mannheim - Pforzheim - Stuttgart - Ulm