Karlsbad (Baden)
Karlsbad is in gemeente yn 'e lânkring Karlsruhe yn 'e Dútske dielsteat Baden-Württemberg oan 'e noardlike râne fan it Swarte Wâld. De gemeente ûnstie yn it ramt fan 'e gemeentlike weryndieling fan 1 septimber 1971.
Karlsbad (Baden) | ||
Fakwurkhûzen yn Langensteinbach | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Baden-Wuertemberch | |
lânkring | Karlsruhe | |
Stedsyndieling | 5 Ortsteile | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 16.099 (2022) | |
Oerflak | 38,01 km² | |
Befolkingsticht. | 424 ynw./km² | |
Hichte | 264 m | |
Oar | ||
Postkoade | 76307, 76359 | |
Koördinaten | 48° 54' N 8° 30' E | |
Offisjele webside | ||
www.karlsbad.de | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe namme ferwiist nei de troch Karel III Willem fan Baden-Durlach yn 1719 yn Langensteinbach stifte baai-ynrjochting en moat net betiizge wurde mei it ferneamde Boheemske Karlsbad.
De gemeente Karlsbad waard yn it ramt fan 'e weryndieling yn Baden-Württemberg op 1 septimber 1971 stifte troch gearfoeging fan 'e earder selstannige gemeenten Auerbach, Ittersbach, Langensteinbach, Mutschelbach en Spielberg.
Plakken en ynwennertal
bewurkje seksjePlak (Ortsteil) | Ynwennertal 28.02.2017 |
---|---|
Langensteinbach | 6.370 |
Ittersbach | 3.101 |
Spielberg | 2.817 |
Mutschelbach | 1.848 |
Auerbach | 1.801 |
Meiïnoar | 15.937 |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Karlsbad (Baden) fan Wikimedia Commons. |