Baden-Wuertemberch
Baden-Wuertemberch (Dútsk: Baden-Württemberg) is in dielsteat yn it súdwesten fan Dútslân. De dielsteat beslacht in oerflak fan 35,750 km² en hat 10,692,000 ynwenners. De haadstêd is Stuttgart. Baden-Wuertemberch waard yn 1952 oprjochte troch de fúzje fan 'e eardere dielsteaten Wuertemberch-Baden, Súd-Baden en Wuertenberch-Hohenzollern.
Baden-Württemberg | |
---|---|
Flagge | Wapen |
![]() |
![]() |
Lokaasje yn Dútslân | |
![]() | |
Basisgegevens | |
Haadstêd | Stuttgart |
Oerflakte | 35.751 km² |
Befolking | 10.692.000 (2003) |
Befolkingstichtens | 294/km² |
Distrikten | |
![]() |
Geografy bewurkje seksje
Baden-Wuertemberch grinzet oan Switserlân yn it suden, Frankryk yn it westen en oan de Dútske dielsteaten Rynlân-Palts, Hessen en Beieren.
Foar de westlike en in part fan de súdlike grins is de Ryn beskiedend. It Swarte Wâld is it berchlân wat beëasten de Ryn leit. Baden-Wuertemberch dielt de Bodensee en de Alpen mei Switserlân. De Donau rivier begjint yn Baden-Wuertemberch deunby Donaueschingen.
Bestjoerlike yndeling bewurkje seksje
Baden-Wuertemberch hat fjouwer Regierungsbezirke (bestjoerlike regio's), dy't mei-inoar wer parte binne yn 35 distrikten (Landkreise) en njoggen stedsdistrikten (Kreisfreie Städte).
Regierungsbezirke (bestjoerlike regio's) bewurkje seksje
Landkreise (distrikten) bewurkje seksje
Kreisfreie Städte (stêdsdistrikten) bewurkje seksje
Regierungsbezirke Freiburg - Karlsruhe - Stuttgart - Tübingen Landkreise Kreisfreie Städte |