In Regierunsbezirk is in bestjoerlike regio yn Dútslân, in ûnderbestjoerlaach fan guon dielsteaten en is ûnderferparte yn distrikten, de Landkreis en de stêdlike Kreisfreie Stadt. Fjouwer fan de sechtjin dielsteaten binne ûnderferparte yn meiïnoar 19 Regierungsbezirke.
Yn 1808 stelden Prusen en Beieren de bestjoerslaach yn en by de weriening fan it Dútske Keizerryk yn 1871 hiene alle Dútske steaten in Regierungsbezirk, hoewol't guon in oare namme derfoar hiene. Nei de Dútske weriening yn 1990 namen de dielsteaten fan de eardere DDR, útsein Saksen en Saksen-Anhalt, de bestjoerslaach net mear oan. Net alle dielsteaten hawwe dy bestjoerslaach dus. De measte dielsteaten binne gelyk ûnderferparte yn de distrikten. Yn Baden-Wuertemberch waard de bestjoerslaach yn 2005 fersterke, mar it fuortbestean derfan is lykwols net alhiel wis. Yn 1999 waarden de Regierungsbezirke yn Rynlân-Palts opheft en yn 2003 dy fan Saksen-Anhalt en yn2004 dy fan Nedersaksen. De namme Regierungsbezirke yn Saksen waard by in bestjoerlike weryndieling yn 2008 feroare ta Direktionsbezirke, dy't op 1 maart 2012 ta ien inkelde Landesdirektion Saksen gearfoege waarden. Bremen, Hamburch, Sleeswyk-Holstein en it Saarlân hawwe nea Regierungsbezirke hân.

Fertikale bestjoersstruktuer yn Dútslân
Yndieling yn Dútslân yn 2008

Regierungsbezirke de dielsteat bewurkje seksje

Sjoch ek bewurkje seksje