Hohenlohekreis
Hohenlohekreis is in bestjoerlik distrikt yn 'e Dútske dielsteat Baden-Wuertemberch. Hohenlohekreis hat in oerflak fan 776,75 km².
Hohenlohekreis | ||
wapen | ||
Statistyk | ||
Ynwennertal | 115.063 (2022) | |
Oerflak | 776,76 km² | |
Befolkingsticht. | 148 ynw./km² | |
Polityk | ||
Lân | Dútslân | |
Dielsteat | Baden-Wuertemberch | |
Regierungsbezirk | Stuttgart | |
Oar | ||
Adres bestjoer | Allee 17 74653 Künzelsau | |
Koördinaten | 49° 16' N 9° 41' E | |
Oprjochting | 1973 | |
Yndieling | 16 gemeenten | |
Kenteken | KÜN, ÖHR | |
NUTS-koade | DE119 | |
Kreiskaai | 08 1 26 | |
Webside | hohenlohekreis.de |
Hohenlohekreis ûntstie yn 1973 troch it gearfoegjen fan 'e eardere lânkringen Öhringen en Künzelsau. De namme ferwiist nei de foarstedommen fan it laach Hohenlohe, dy't oant 1803 in grut part fan it gebiet fan 'e hjoeddeiske lânkring besiet.
Stêden en gemeenten
bewurkje seksjeYn 'e lânkring Hohenlohekreis lizze de folgjende stêden en gemeenten:
Stêden | Gemeenten |
---|---|
Öhringen is de iennige Große Kreisstadt fan 'e lânkring.
Gearwurkingsferbannen
bewurkje seksjeYn 'e lânkring binne twa ferskillende soarten gearwurkingsferbannen:
- Gemeindeverwaltungsverbände (GVV).
- Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaften (VVG).
Gemeindeverwaltungsverbände yn 'e lânkring binne:
- GVV Hohenloher Ebene mei de sit yn Neuenstein; oansletten gemeenten: de stêden Neuenstein en Waldenburg en de gemeente Kupferzell.
- GVV Krautheim mei de sit yn Krautheim; oansletten gemeenten: de stêd Krautheim en de gemeenten Dörzbach en Mulfingen.
- GVV Mittleres Kochertal mei de sit yn Niedernhall; oansletten gemeenten: de stêden Forchtenberg en Niedernhall en de gemeenten.
Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaften yn 'e lânkring binne:
- VVG fan 'e stêd Künzelsau mei de stêd Ingelfingen.
- VVG fan 'e stêd Öhringen mei de gemeenten Pfedelbach en Zweiflingen.
In GVV is in gearwurking tusken teminsten twa gemeenten yn Baden-Wuertemberch mei it doel om yn it ramt fan gemeentlik selsbestjoer yn in grutter ferbân publike taken út te fieren, sûnder dêrby selsstannigens yn te leverjen. Sa wurde bygelyks de administraasjes fan 'e yn in VVG oansletten gemeenten gearfoege, itjinge jild útsparret. In oar foarbyld fan in taak kin bygelyks it ferstjoeren fan belestingoanslaggen oan ynwenners fan 'e oansletten gemeenten wêze. Yn oare Dútske dielsteaten binne soartegelikense gearwurkingsferbannen tusken gemeenten ûnder oare nammen bekend.[1]
De VVG is in foarm fan yntergemeentlike gearwurking yn Baden-Wuertemberch. Yn dat gefal nimt in gemeente (yn it Dútsk in erfüllende Gemeinde of ferfangende gemeente) taken fan in GVV oer, sûnder dat in GVV de juridyske selsstannigens ferliest. De VVG hat sels dus gjin juridysk foech en is likemin in gemeenteferbân. In VVG wurdt troch in bestjoersoerienkomst oprjochte en bestiet út meardere oanbuorjende gemeenten yn in mienskiplike lânkring.[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: de:Hohenlohekreis, ferzje 28 maaie 2024.
|
Baden-Wuertemberch | ||
---|---|---|
Regierungsbezirke | ||
Landkreise Alb-Donau-Kreis - Biberach - Bodenseekreis - Böblingen - Breisgau-Hochschwarzwald - Calw - Konstanz - Emmendingen - Enzkreis - Esslingen - Freudenstadt - Göppingen - Heidenheim - Heilbronn - Hohenlohekreis - Karlsruhe - Lörrach - Ludwigsburg - Main-Tauber-Kreis - Neckar-Odenwald-Kreis - Ortenaukreis - Ostalbkreis - Rastatt - Ravensburg - Rems-Murr-Kreis - Reutlingen - Rhein-Neckar-Kreis - Rottweil - Schwäbisch Hall - Schwarzwald-Baar-Kreis - Sigmaringen - Tübingen - Tuttlingen - Waldshut - Zollernalbkreis | ||
Kreisfreie Städte Baden-Baden - Freiburg im Breisgau - Heidelberch - Heilbronn - Karlsruhe - Mannheim - Pforzheim - Stuttgart - Ulm | ||
· · |