Rastatt (Landkreis)
Rastatt is in bestjoerlik distrikt yn de Dútske dielsteat Baden-Wuertemberch. De lânkring waard yn 1939 oprjochte as opfolger fan it Oberamt Rastatt. Rastatt leit om 'e stêd Baden-Baden hinne. Kreisstadt is de stêd Rastatt.
Lânkring Rastatt | ||
wapen | ||
Statistyk | ||
Ynwennertal | 234.981 (2022) | |
Oerflak | 738,44 km² | |
Befolkingsticht. | 318 ynw./km² | |
Polityk | ||
Lân | Dútslân | |
Dielsteat | Baden-Wuertemberch | |
Regierungsbezirk | Karlsruhe | |
Oar | ||
Koördinaten | 48° 51' N 8° 12' E | |
Oprjochting | 1939 | |
Yndieling | 23 gemeenten | |
Kenteken | RA, BH | |
NUTS-koade | DE124 | |
Kreiskaai | 08 2 16 | |
Webside | landkreis-rastatt.de |
Op 1 jannewaris 1973 waard de lânkring Rasstatt útwreide mei in part fan 'e ophefte lânkring Bühl, 3 gemeenten út de Landkreis Kehl en Loffenau út de lânkring Calw.
Stêden en gemeenten
bewurkje seksjeYn 'e lânkring lizze de folgjende stêden en gemeenten:
Stêden | |
---|---|
Gemeenten | |
---|---|
Bühl, Gaggenau en Rastatt binne Große Kreisstädte.
Gearwurkingsferbannen
bewurkje seksjeYn 'e lânkring binne twa ferskillende soarten gearwurkingsferbannen:
- Gemeindeverwaltungsverbände (GVV).
- Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaften (VVG).
Gemeindeverwaltungsverbände yn 'e lânkring binne:
- GVV Nachbarschaftsverband Bischweier-Kuppenheim mei de sit yn Kuppenheim; oansletten gemeenten binne: de stêd Kuppenheim en de gemeente Bischweier.
- GVV Durmersheim mit Sitz in Durmersheim; oansletten gemeenten binne: Au am Rhein, Bietigheim, Durmersheim en Elchesheim-Illingen.
- GVV Rheinmünster-Lichtenau mit Sitz in Rheinmünster; oansletten gemeenten binne: de stêd Lichtenau en de gemeente Rheinmünster.
Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaften yn 'e lânkring binne:
- VVG fan 'e stêd Bühl mei de gemeente Ottersweier.
- VVG fan 'e stêd Gernsbach mei de gemeenten Loffenau en Weisenbach.
- VVG fan 'e stêd Rastatt mei de gemeenten Iffezheim, Muggensturm, Ötigheim en Steinmauern.
- VVG Rheinmünster-Lichtenau mei de sit yn Rheinmünster; oare oansletten gemeenten binne: de stêd Lichtenau en de gemeente Rheinmünster.
- VVG fan 'e gemeente Sinzheim mei de gemeente Hügelsheim.
In GVV is in gearwurking tusken teminsten twa gemeenten yn Baden-Wuertemberch mei it doel om yn it ramt fan gemeentlik selsbestjoer yn in grutter ferbân publike taken út te fieren, sûnder dêrby selsstannigens yn te leverjen. Sa wurde bygelyks de administraasjes fan 'e yn in VVG oansletten gemeenten gearfoege, itjinge jild útsparret. In oar foarbyld fan in taak kin bygelyks it ferstjoeren fan belestingoanslaggen oan ynwenners fan 'e oansletten gemeenten wêze. Yn oare Dútske dielsteaten binne soartegelikense gearwurkingsferbannen tusken gemeenten ûnder oare nammen bekend.[1]
De VVG is in foarm fan yntergemeentlike gearwurking yn Baden-Wuertemberch. Yn dat gefal nimt in gemeente (yn it Dútsk in erfüllende Gemeinde of ferfangende gemeente) taken fan in GVV oer, sûnder dat in GVV de juridyske selsstannigens ferliest. De VVG hat sels dus gjin juridysk foech en is likemin in gemeenteferbân. In VVG wurdt troch in bestjoersoerienkomst oprjochte en bestiet út meardere oanbuorjende gemeenten yn in mienskiplike lânkring.[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: de:Landkreis Rastatt, ferzje 28 maaie 2024.
|
Baden-Wuertemberch | ||
---|---|---|
Regierungsbezirke | ||
Landkreise Alb-Donau-Kreis - Biberach - Bodenseekreis - Böblingen - Breisgau-Hochschwarzwald - Calw - Konstanz - Emmendingen - Enzkreis - Esslingen - Freudenstadt - Göppingen - Heidenheim - Heilbronn - Hohenlohekreis - Karlsruhe - Lörrach - Ludwigsburg - Main-Tauber-Kreis - Neckar-Odenwald-Kreis - Ortenaukreis - Ostalbkreis - Rastatt - Ravensburg - Rems-Murr-Kreis - Reutlingen - Rhein-Neckar-Kreis - Rottweil - Schwäbisch Hall - Schwarzwald-Baar-Kreis - Sigmaringen - Tübingen - Tuttlingen - Waldshut - Zollernalbkreis | ||
Kreisfreie Städte Baden-Baden - Freiburg im Breisgau - Heidelberch - Heilbronn - Karlsruhe - Mannheim - Pforzheim - Stuttgart - Ulm | ||
· · |