Heidenheim (Landkreis)

De Lânkring Heidenheim is in bestjoerlik distrikt yn 'e Dútske dielsteat Baden-Wuertemberch. De lânkring waard yn 1938 oprjochte en is ien fan 'e lytste lânkringen fan 'e dielsteat.

Lânkring Heidenheim
wapen
Statistyk
Ynwennertal 135.035 (2022)
Oerflak 627,12 km²
Befolkingsticht. 215 ynw./km²
Polityk
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Baden-Wuertemberch
Regierungsbezirk Stuttgart
Oar
Adres bestjoer Felsenstraße 36
89518 Heidenheim an der Brenz
Koördinaten 48° 40' N 10° 8' E
Oprjochting 1938
Yndieling 11 gemeenten
Kenteken HDH
Kreiskaai 08 1 35
Webside landkreis-heidenheim.de

Stêden en gemeenten

bewurkje seksje
 
Gemeenteyndieling fan 'e lânkring Heidenheim.

De folgjende stêden en gemeenten lizze yn 'e lânkring:

Stêden Gemeenten
  1. Giengen an der Brenz
  2. Heidenheim an der Brenz
  3. Herbrechtingen
  4. Niederstotzingen
  1. Dischingen
  2. Gerstetten
  3. Hermaringen
  4. Königsbronn
  5. Nattheim
  6. Sontheim an der Brenz
  7. Steinheim am Albuch

Giengen en Heidenheim binne Große Kreisstädte.

Gearwurkingsferbannen

bewurkje seksje

Yn 'e lânkring binne twa ferskillende soarten gearwurkingsferbannen:

  • Gemeindeverwaltungsverbände (GVV).
  • Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaften (VVG).

It iennige Gemeindeverwaltungsverband yn 'e lânkring is:

  • GVV Sontheim-Niederstotzingen mei de sit yn Sontheim an der Brenz; oansletten gemeenten: de stêd Niederstotzingen en de gemeente Sontheim an der Brenz

Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaften yn 'e lânkring binne:

  • VVG fan 'e stêd Giengen an der Brenz mei de gemeente Hermaringen.
  • VVG fan 'e stêd Heidenheim an der Brenz mei de gemeente Nattheim.

In GVV is in gearwurking tusken teminsten twa gemeenten yn Baden-Wuertemberch mei it doel om yn it ramt fan gemeentlik selsbestjoer yn in grutter ferbân publike taken út te fieren, sûnder dêrby selsstannigens yn te leverjen. Sa wurde bygelyks de administraasjes fan 'e yn in VVG oansletten gemeenten gearfoege, itjinge jild útsparret. In oar foarbyld fan in taak kin bygelyks it ferstjoeren fan belestingoanslaggen oan ynwenners fan 'e oansletten gemeenten wêze. Yn oare Dútske dielsteaten binne soartegelikense gearwurkingsferbannen tusken gemeenten ûnder oare nammen bekend.[1]

De VVG is in foarm fan yntergemeentlike gearwurking yn Baden-Wuertemberch. Yn dat gefal nimt in gemeente (yn it Dútsk in erfüllende Gemeinde of ferfangende gemeente) taken fan in GVV oer, sûnder dat in GVV de juridyske selsstannigens ferliest. De VVG hat sels dus gjin juridysk foech en is likemin in gemeenteferbân. In VVG wurdt troch in bestjoersoerienkomst oprjochte en bestiet út meardere oanbuorjende gemeenten yn in mienskiplike lânkring.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: de:Landkreis Heidenheim, ferzje 27 maaie 2024.


  Baden-Wuertemberch  
Regierungsbezirke

Freiburg - Karlsruhe - Stuttgart - Tübingen

Landkreise

Alb-Donau-Kreis - Biberach - Bodenseekreis - Böblingen - Breisgau-Hochschwarzwald - Calw - Konstanz - Emmendingen - Enzkreis - Esslingen - Freudenstadt - Göppingen - Heidenheim - Heilbronn - Hohenlohekreis - Karlsruhe - Lörrach - Ludwigsburg - Main-Tauber-Kreis - Neckar-Odenwald-Kreis - Ortenaukreis - Ostalbkreis - Rastatt - Ravensburg - Rems-Murr-Kreis - Reutlingen - Rhein-Neckar-Kreis - Rottweil - Schwäbisch Hall - Schwarzwald-Baar-Kreis - Sigmaringen - Tübingen - Tuttlingen - Waldshut - Zollernalbkreis

Kreisfreie Städte

Baden-Baden - Freiburg im Breisgau - Heidelberch - Heilbronn - Karlsruhe - Mannheim - Pforzheim - Stuttgart - Ulm

  ·   ·