Ortenaukreis is in bestjoerlik distrikt yn 'e Dútske dielsteat Baden-Wuertemberch. De lânkring waard oprjochte yn 1973. Kreisstadt en de stêd mei de measte ynwernners is Offenburg.

Ortenaukreis
wapen
Statistyk
Ynwennertal 441.885 (2022)
Oerflak 1.860,3 km²
Befolkingsticht. 238 ynw./km²
Polityk
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Baden-Wuertemberch
Regierungsbezirk Freiburg
Oar
Adres bestjoer Badstraße 20
77652 Offenburg
Koördinaten 48° 27' N 7° 56' E
Oprjochting 1973
Yndieling 51 gemeenten
Kenteken OG, BH, KEL, LR, WOL
NUTS-koade DE134
Kreiskaai 08 3 17
Webside www.ortenaukreis.de

Stêden en gemeenten

bewurkje seksje

Yn 'e Ortenaukreis lizze 16 stêden en 45 gemeenten. Dêrnjonken is Rheinau nei gemeentlik yndield. Rheinau leit rjochts fan 'e Ryn op Dútsk gebiet yn 'e Ortenaukreis, mar is it besit fan 'e Frânske stêd Rhinau.

 
Gemeenteyndieling fan 'e Ortenaukreis.
Stêden
  1. Achern
  2. Kehl
  3. Lahr (Schwarzwald)
  4. Oberkirch
  5. Offenburg
  6. Ettenheim
  7. Gengenbach
  8. Haslach im Kinzigtal
  1. Hausach
  2. Hornberg
  3. Mahlberg
  4. Oppenau
  5. Renchen
  6. Rheinau
  7. Wolfach
  8. Zell am Harmersbach
Gemeenten
  1. Appenweier
  2. Bad Peterstal-Griesbach
  3. Berghaupten
  4. Biberach
  5. Durbach
  6. Fischerbach
  7. Friesenheim
  8. Gutach (Schwarzwaldbahn)
  9. Hofstetten
  10. Hohberg
  11. Kappel-Grafenhausen
  12. Kappelrodeck
  13. Kippenheim
  14. Lauf
  15. Lautenbach
  16. Meißenheim
  17. Mühlenbach
  1. Neuried
  2. Nordrach
  3. Oberharmersbach
  4. Oberwolfach
  5. Ohlsbach
  6. Ortenberg
  7. Ottenhöfen im Schwarzwald
  8. Ringsheim
  9. Rust
  10. Sasbach
  11. Sasbachwalden
  12. Schuttertal
  13. Schutterwald
  14. Schwanau
  15. Seebach
  16. Seelbach
  17. Steinach
  18. Willstätt

Achern, Kehl, Lahr/Schwarzwald, Oberkirch en Offenburg binne Große Kreisstädte.

Gearwurkingsferbannen

bewurkje seksje

Yn 'e lânkring binne twa ferskillende soarten gearwurkingsferbannen:

  • Gemeindeverwaltungsverbände (GVV).
  • Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaften (VVG).

Gemeindeverwaltungsverbände binne:

  • GVV Kappelrodeck mei de sit yn Kappelrodeck; oansletten gemeenten: Kappelrodeck, Ottenhöfen im Schwarzwald en Seebach.
  • GVV Oberes Renchtal mei de sit yn Oppenau; oansletten gemeenten: de stêd Oppenau en de gemeente Bad Peterstal-Griesbach.

Verwaltungsgemeinschaften binne:

  • VVG fan 'e stêd Achern mei de gemeenten Lauf, Sasbach en Sasbachwalden.
  • VVG fan 'e stêd Ettenheim mei de stêd Mahlberg en de gemeenten Kappel-Grafenhausen, Ringsheim en Rust (Baden).
  • VVG fan 'e stêd Gengenbach mei de gemeenten Berghaupten en Ohlsbach.
  • VVG fan 'e stêd Haslach im Kinzigtal mei de gemeenten Fischerbach, Hofstetten, Mühlenbach en Steinach.
  • VVG fan 'e stêd Hausach mei de gemeente Gutach (Schwarzwaldbahn).
  • VVG fan 'e stêd Lahr/Schwarzwald mei de gemeente Kippenheim.
  • VVG fan 'e stêd Oberkirch mei de stêd Renchen en de gemeente Lautenbach.
  • VVG fan 'e stêd Offenburg mei de gemeenten Durbach, Hohberg, Ortenberg en Schutterwald.
  • VVG fan 'e gemeente Seelbach mei de gemeente Schuttertal.
  • VVG fan 'e gemeente Schwanau mei de gemeente Meißenheim.
  • VVG fan 'e stêd Wolfach mei de gemeente Oberwolfach.
  • VVG fan 'e stêd Zell am Harmersbach mei de gemeenten Biberach (Baden), Nordrach en Oberharmersbach.

In GVV is in gearwurking tusken teminsten twa gemeenten yn Baden-Wuertemberch mei it doel om yn it ramt fan gemeentlik selsbestjoer yn in grutter ferbân publike taken út te fieren, sûnder dêrby selsstannigens yn te leverjen. Sa wurde bygelyks de administraasjes fan 'e yn in VVG oansletten gemeenten gearfoege, itjinge jild útsparret. In oar foarbyld fan in taak kin bygelyks it ferstjoeren fan belestingoanslaggen oan ynwenners fan 'e oansletten gemeenten wêze. Yn oare Dútske dielsteaten binne soartegelikense gearwurkingsferbannen tusken gemeenten ûnder oare nammen bekend.[1]

De VVG is in foarm fan yntergemeentlike gearwurking yn Baden-Wuertemberch. Yn dat gefal nimt in gemeente (yn it Dútsk in erfüllende Gemeinde of ferfangende gemeente) taken fan in GVV oer, sûnder dat in GVV de juridyske selsstannigens ferliest. De VVG hat sels dus gjin juridysk foech en is likemin in gemeenteferbân. In VVG wurdt troch in bestjoersoerienkomst oprjochte en bestiet út meardere oanbuorjende gemeenten yn in mienskiplike lânkring.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: de:Ortenaukreis, ferzje 28 maaie 2024.


 
Baden-Wuertemberch
 
Regierungsbezirke

Freiburg - Karlsruhe - Stuttgart - Tübingen

Landkreise
Alb-Donau-Kreis - Biberach - Bodenseekreis - Böblingen - Breisgau-Hochschwarzwald - Calw - Konstanz - Emmendingen - Enzkreis - Esslingen - Freudenstadt - Göppingen - Heidenheim - Heilbronn - Hohenlohekreis - Karlsruhe - Lörrach - Ludwigsburg - Main-Tauber-Kreis - Neckar-Odenwald-Kreis - Ortenaukreis - Ostalbkreis - Rastatt - Ravensburg - Rems-Murr-Kreis - Reutlingen - Rhein-Neckar-Kreis - Rottweil - Schwäbisch Hall - Schwarzwald-Baar-Kreis - Sigmaringen - Tübingen - Tuttlingen - Waldshut - Zollernalbkreis

Kreisfreie Städte
Baden-Baden - Freiburg im Breisgau - Heidelberch - Heilbronn - Karlsruhe - Mannheim - Pforzheim - Stuttgart - Ulm