Sigmaringen (Landkreis)

Sigmaringen is in bestjoerlik distrikt yn 'e Dútske dielsteat Baden-Wuertemberch. De lânkring waard yn 1925 oprjochte.

Lânkring Sigmaringen
wapen
Statistyk
Ynwennertal 134.045 (2022)
Oerflak 1.204,22 km²
Befolkingsticht. 111 ynw./km²
Polityk
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Baden-Wuertemberch
Regierungsbezirk Tübingen
Oar
Adres bestjoer Leopoldstrraße 4
72488 Sigmaringen
Koördinaten 48° 5' N 9° 12' E
Oprjochting 1925
Yndieling 25 gemeenten
Kenteken SIG, SLG, STO, ÜB
NUTS-koade DE149
Kreiskaai 08 4 37
Webside landkreis-sigmaringen.de

Stêden en gemeenten bewurkje seksje

 
Kaart lânkring neffens gemeenteyndieling.
Stêden Gemeenten
  1. Bad Saulgau
  2. Gammertingen
  3. Hettingen
  4. Mengen
  5. Meßkirch
  6. Pfullendorf
  7. Scheer (Donau)
  8. Sigmaringen
  9. Veringenstadt
  1. Beuron
  2. Bingen
  3. Herbertingen
  4. Herdwangen-Schönach
  5. Hohentengen
  6. Illmensee
  7. Inzigkofen
  8. Krauchenwies
  9. Leibertingen
  10. Neufra
  11. Ostrach
  12. Sauldorf
  13. Schwenningen
  14. Sigmaringendorf
  15. Stetten am kalten Markt
  16. Wald

Gearwurkingsferbannen bewurkje seksje

Yn 'e lânkring binne twa ferskillende soarten gearwurkingsferbannen:

  • Gemeindeverwaltungsverbände (GVV).
  • Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaften (VVG).

In Gemeindeverwaltungsverband is:

  • GVV Gammertingen mei de sit yn Gammertingen; oansletten gemeenten: de stêden Gammertingen, Hettingen en Veringenstadt en de gemeente Neufra.
  • GVV Mengen mei de sit yn Mengen; oansletten gemeenten: de stêden Mengen en Scheer en de gemeente Hohentengen.
  • GVV Sigmaringen mei de sit yn Sigmaringen; oansletten gemeenten: de stêd Sigmaringen en de gemeenten Beuron, Bingen, Inzigkofen, Krauchenwies en Sigmaringendorf.

Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaften binne:

  • VVG fan 'e stêd Bad Saulgau mei de gemeente Herbertingen.
  • VVG fan 'e stêd Meßkirch mei de gemeenten Leibertingen en Sauldorf.
  • VVG fan 'e stêd Pfullendorf mei de gemeenten Herdwangen-Schönach, Illmensee en Wald.
  • VVG fan 'e gemeente Stetten am kalten Markt mei de gemeente Schwenningen.

In GVV is in gearwurking tusken teminsten twa gemeenten yn Baden-Wuertemberch mei it doel om yn it ramt fan gemeentlik selsbestjoer yn in grutter ferbân publike taken út te fieren, sûnder dêrby selsstannigens yn te leverjen. Sa wurde bygelyks de administraasjes fan 'e yn in VVG oansletten gemeenten gearfoege, itjinge jild útsparret. In oar foarbyld fan in taak kin bygelyks it ferstjoeren fan belestingoanslaggen oan ynwenners fan 'e oansletten gemeenten wêze. Yn oare Dútske dielsteaten binne soartegelikense gearwurkingsferbannen tusken gemeenten ûnder oare nammen bekend.[1]

De VVG is in foarm fan yntergemeentlike gearwurking yn Baden-Wuertemberch. Yn dat gefal nimt in gemeente (yn it Dútsk in erfüllende Gemeinde of ferfangende gemeente) taken fan in GVV oer, sûnder dat in GVV de juridyske selsstannigens ferliest. De VVG hat sels dus gjin juridysk foech en is likemin in gemeenteferbân. In VVG wurdt troch in bestjoersoerienkomst oprjochte en bestiet út meardere oanbuorjende gemeenten yn in mienskiplike lânkring.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: de:Landkreis Sigmaringen, ferzje 28 maaie 2024.


 
Baden-Wuertemberch
 
Regierungsbezirke

Freiburg - Karlsruhe - Stuttgart - Tübingen

Landkreise
Alb-Donau-Kreis - Biberach - Bodenseekreis - Böblingen - Breisgau-Hochschwarzwald - Calw - Konstanz - Emmendingen - Enzkreis - Esslingen - Freudenstadt - Göppingen - Heidenheim - Heilbronn - Hohenlohekreis - Karlsruhe - Lörrach - Ludwigsburg - Main-Tauber-Kreis - Neckar-Odenwald-Kreis - Ortenaukreis - Ostalbkreis - Rastatt - Ravensburg - Rems-Murr-Kreis - Reutlingen - Rhein-Neckar-Kreis - Rottweil - Schwäbisch Hall - Schwarzwald-Baar-Kreis - Sigmaringen - Tübingen - Tuttlingen - Waldshut - Zollernalbkreis

Kreisfreie Städte
Baden-Baden - Freiburg im Breisgau - Heidelberch - Heilbronn - Karlsruhe - Mannheim - Pforzheim - Stuttgart - Ulm