Schwarzwald-Baar-Kreis
De Schwarzwald-Baar-Kreis is in bestjoerlik distrikt yn it suden fan 'e Dútske dielsteat Baden-Wuertemberch. De lânkring waard yn 1973 oprjochte. Villingen-Schwenningen is de Kreisstadt fan 'e lânkring.
Schwarzwald-Baar-Kreis | ||
wapen | ||
Statistyk | ||
Ynwennertal | 217.181 (2022) | |
Oerflak | 1.025,34 km² | |
Befolkingsticht. | 212 ynw./km² | |
Polityk | ||
Lân | Dútslân | |
Dielsteat | Baden-Wuertemberch | |
Regierungsbezirk | Freiburg | |
Oar | ||
Adres bestjoer | Am Hoptbühl 2 78048 Villingen-Schwenningen | |
Koördinaten | 48° 3' N 8° 28' E | |
Oprjochting | 1973 | |
Yndieling | 20 gemeenten | |
Kenteken | VS | |
NUTS-koade | DE136 | |
Kreiskaai | 08 3 26 | |
Webside | lrasbk.de |
Stêden en gemeenten
bewurkje seksjeStêden | Gemeenten |
---|---|
Donaueschingen en Villingen-Schwenningen binne Große Kreisstädte.
Gearwurkingsferbannen
bewurkje seksjeYn 'e lânkring binne twa ferskillende soarten gearwurkingsferbannen:
- Gemeindeverwaltungsverbände (GVV).
- Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaften (VVG).
Gemeindeverwaltungsverbände binne:
- GVV Donaueschingen mei de sit yn Donaueschingen; oansletten gemeenten: de stêden Bräunlingen, Donaueschingen en Hüfingen
- GVV Raumschaft Triberg mei de sit yn Triberg im Schwarzwald; oansletten gemeenten: de stêd Triberg im Schwarzwald en de gemeenten Schönwald im Schwarzwald en Schonach im Schwarzwald.
Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaften binne:
- VVG fan 'e stêd Furtwangen mei de gemeente Gütenbach.
- VVG fan 'e stêd Villingen-Schwenningen mei de gemeenten Brigachtal, Dauchingen, Mönchweiler, Niedereschach, Tuningen en Unterkirnach.
In GVV is in gearwurking tusken teminsten twa gemeenten yn Baden-Wuertemberch mei it doel om yn it ramt fan gemeentlik selsbestjoer yn in grutter ferbân publike taken út te fieren, sûnder dêrby selsstannigens yn te leverjen. Sa wurde bygelyks de administraasjes fan 'e yn in VVG oansletten gemeenten gearfoege, itjinge jild útsparret. In oar foarbyld fan in taak kin bygelyks it ferstjoeren fan belestingoanslaggen oan ynwenners fan 'e oansletten gemeenten wêze. Yn oare Dútske dielsteaten binne soartegelikense gearwurkingsferbannen tusken gemeenten ûnder oare nammen bekend.[1]
De VVG is in foarm fan yntergemeentlike gearwurking yn Baden-Wuertemberch. Yn dat gefal nimt in gemeente (yn it Dútsk in erfüllende Gemeinde of ferfangende gemeente) taken fan in GVV oer, sûnder dat in GVV de juridyske selsstannigens ferliest. De VVG hat sels dus gjin juridysk foech en is likemin in gemeenteferbân. In VVG wurdt troch in bestjoersoerienkomst oprjochte en bestiet út meardere oanbuorjende gemeenten yn in mienskiplike lânkring.[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: de:Schwarzwald-Baar-Kreis, ferzje 28 maaie 2024.
|
Baden-Wuertemberch | ||
---|---|---|
Regierungsbezirke | ||
Landkreise Alb-Donau-Kreis - Biberach - Bodenseekreis - Böblingen - Breisgau-Hochschwarzwald - Calw - Konstanz - Emmendingen - Enzkreis - Esslingen - Freudenstadt - Göppingen - Heidenheim - Heilbronn - Hohenlohekreis - Karlsruhe - Lörrach - Ludwigsburg - Main-Tauber-Kreis - Neckar-Odenwald-Kreis - Ortenaukreis - Ostalbkreis - Rastatt - Ravensburg - Rems-Murr-Kreis - Reutlingen - Rhein-Neckar-Kreis - Rottweil - Schwäbisch Hall - Schwarzwald-Baar-Kreis - Sigmaringen - Tübingen - Tuttlingen - Waldshut - Zollernalbkreis | ||
Kreisfreie Städte Baden-Baden - Freiburg im Breisgau - Heidelberch - Heilbronn - Karlsruhe - Mannheim - Pforzheim - Stuttgart - Ulm | ||
· · |