Konstanz (Landkreis)

De Lânkring Konstanz is in bestjoerlik distrikt yn 'e Dútske dielsteat Baden-Wuertemberch.

Lânkring Konstanz
wapen
Statistyk
Ynwennertal 292.568 (2022)
Oerflak 817,97 km²
Befolkingsticht. 358 ynw./km²
Polityk
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Baden-Wuertemberch
Regierungsbezirk Freiburg
Oar
Adres bestjoer Benediktinerplatz 1
78467 Konstanz
Koördinaten 47° 40' N 9° 10' E
Oprjochting 1973
Yndieling 25 gemeenten
Kenteken KN, STO (BÜS)
NUTS-koade DE138
Kreiskaai 08 3 35
Webside lrakn.de

De lânkring giet werom op it Bezirksamt Konstanz, dat yn 1806 oprjochte waard doe't it ûnderdiel waard fan Wuertemberch, sûnt 1810 Baden.

Sûnt de lêste weryndieling fan 1973 telt de lânkring 25 gemeenten, dêrûnder sân stêden. Grutste stêd is Konstanz, de lytse gemeente is Büsingen am Hochrhein. Dy leit as Dútske enklave tusken de Switserske kantons Schaffhausen, Thurgau en Zürich.

De lânkring foarmet in ûnderdiel fan it gea Hegau, in lânskip dat al by de Foar-Alpen heart. De Kreisstadt Konstanz leit oan de súdeastlike râne fan de lânkring oan de Bodensee, dy't op dy lokaasje yn de Untersee oergiet. It lânskip tusken de Untersee en de Überlinger See wurdt Bodanrück neamt. By de lânkring hearre ek de eilannen Reichenau (selstannige gemeente) en Mainau (ûnderdiel fan de stêd Konstanz).

Grins mei Switserlân

bewurkje seksje

Tusken de lânkring Konstanz en it kanton Schaffhausen yn Switserlân leit op it lân de 84 kilometer lânsgrins. Mear as 900 grinspeallen jouwe it ferrin oan en dy binne sa set, dat fan de iene stien de oare te sjen is. De grins waard op it Kongres fan Wenen fêstlein en sûnt 1839 mei peallen oanjûn. In grinspeal is 1,5 meter heech.

Stêden en gemeenten

bewurkje seksje

Yn 'e lânkring lizze de folgjende stêden en gemeenten:

 
Kaart lânkring neffens gemeenteyndieling.
Stêden
  1. Aach
  2. Engen
  3. Konstanz
  4. Radolfzell am Bodensee
  1. Singen
  2. Stockach
  3. Tengen
Gemeenten
  1. Allensbach
  2. Bodman-Ludwigshafen
  3. Büsingen am Hochrhein
  4. Eigeltingen
  5. Gaienhofen
  6. Gailingen am Hochrhein
  7. Gottmadingen
  8. Hilzingen
  9. Hohenfels
  1. Moos
  2. Mühlhausen-Ehingen
  3. Mühlingen
  4. Öhningen
  5. Orsingen-Nenzingen
  6. Reichenau
  7. Rielasingen-Worblingen
  8. Steißlingen
  9. Volkertshausen

Konstanz, Radolfzell am Bodensee en Singen binne Große Kreisstädte.

Gearwurkingsferbannen

bewurkje seksje

Yn 'e lânkring binne twa ferskillende soarten gearwurkingsferbannen:

  • Gemeindeverwaltungsverbände (GVV).
  • Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaften (VVG).

In Gemeindeverwaltungsverband yn 'e lânkring is:

  • GVV Höri mei de sit yn Gaienhofen; oansletten gemeenten binne: Gaienhofen, Moos en Öhningen.

Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaften yn 'e lânkring binne:

  • VVG fan 'e stêd Engen mei de stêd Aach en de gemeente Mühlhausen-Ehingen.
  • VVG fan 'e gemeente Gottmadingen mei de gemeenten Büsingen am Hochrhein en Gailingen.
  • VVG fan 'e stêd Konstanz mei de gemeenten Allensbach en Reichenau.
  • VVG fan 'e stêd Singen (Hohentwiel) mei de gemeenten Rielasingen-Worblingen, Steißlingen en Volkertshausen.
  • VVG fan 'e stêd Stockach mei de gemeenten Bodman-Ludwigshafen, Eigeltingen, Hohenfels, Mühlingen en Orsingen-Nenzingen.

In GVV is in gearwurking tusken teminsten twa gemeenten yn Baden-Wuertemberch mei it doel om yn it ramt fan gemeentlik selsbestjoer yn in grutter ferbân publike taken út te fieren, sûnder dêrby selsstannigens yn te leverjen. Sa wurde bygelyks de administraasjes fan 'e yn in VVG oansletten gemeenten gearfoege, itjinge jild útsparret. In oar foarbyld fan in taak kin bygelyks it ferstjoeren fan belestingoanslaggen oan ynwenners fan 'e oansletten gemeenten wêze. Yn oare Dútske dielsteaten binne soartegelikense gearwurkingsferbannen tusken gemeenten ûnder oare nammen bekend.[1]

De VVG is in foarm fan yntergemeentlike gearwurking yn Baden-Wuertemberch. Yn dat gefal nimt in gemeente (yn it Dútsk in erfüllende Gemeinde of ferfangende gemeente) taken fan in GVV oer, sûnder dat in GVV de juridyske selsstannigens ferliest. De VVG hat sels dus gjin juridysk foech en is likemin in gemeenteferbân. In VVG wurdt troch in bestjoersoerienkomst oprjochte en bestiet út meardere oanbuorjende gemeenten yn in mienskiplike lânkring.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: de:Landkreis Konstanz.


  Baden-Wuertemberch  
Regierungsbezirke

Freiburg - Karlsruhe - Stuttgart - Tübingen

Landkreise

Alb-Donau-Kreis - Biberach - Bodenseekreis - Böblingen - Breisgau-Hochschwarzwald - Calw - Konstanz - Emmendingen - Enzkreis - Esslingen - Freudenstadt - Göppingen - Heidenheim - Heilbronn - Hohenlohekreis - Karlsruhe - Lörrach - Ludwigsburg - Main-Tauber-Kreis - Neckar-Odenwald-Kreis - Ortenaukreis - Ostalbkreis - Rastatt - Ravensburg - Rems-Murr-Kreis - Reutlingen - Rhein-Neckar-Kreis - Rottweil - Schwäbisch Hall - Schwarzwald-Baar-Kreis - Sigmaringen - Tübingen - Tuttlingen - Waldshut - Zollernalbkreis

Kreisfreie Städte

Baden-Baden - Freiburg im Breisgau - Heidelberch - Heilbronn - Karlsruhe - Mannheim - Pforzheim - Stuttgart - Ulm

  ·   ·