Reichenau (eilân)

Reichenau is in kleastereilân yn 'e Bodensee yn Dútslân. De gemeente falt ûnder de dielsteat Baden-Wuertemberch. It gemeentehûs stiet yn it grutste doarp Mittelzell. Op it eilân lizze de trije doarpen Oberzell, Niederzell en Mittelzell. Mittelzell is wat ynwenners oanbelanget it grutste doarp.

Kleastereilân Reichenau
UNESCO-wrâlderfgoed
lân flagge fan Dútslân Dútslân
UNESCO folchnûmer 974
kritearia (iii)(iv)(vi)
ynskriuwing 2000
koördinaten 47°41' N 9°3' E
Webside
/www.reichenau-tourismus.de
Kaart
Reichenau (Baden-Wuertemberch)
Reichenau
UNESCO-wrâlderfgoedlist

It eilân waard al troch Romeinen beboud en bewenne. Oant yn 'e jierren 1830 hearde de grûn by de abdij fan Reichenau of stiftingen, dy't de grûn as lien oan boeren joegen. Yn 'e jierren 1830 kaam der in ein oan it lienstelsel.

Yn 'e simmer fan 1945 waard twatredde fan 'e bewenners fan it eilân foar twaëninheale moanne fan it eilân helle om plak te meitsjen foar likernôch 3000 Frânske finzenen út it konsintraasjekamp Dachau, dy't dêr karantêne hâlde moasten ear't hja werom gyngen nei Frankryk.

Sûnt 1838 hat it eilân in daam mei it fêstelân. Yn juny-july 1999 wie de daam nei it eilân foar ferkear wikenlang troch heechwetter ôfsletten. It eilân moast doe troch de Bundeswehr befoarriede wurde.

It eilân is ûnderdiel fan 'e gemeente Reichenau. Njonken it eilân heart ek in diel fan it fêstelân by de gemeente.

Reichenau leit yn it westlike diel fan 'e Bodensee tusken Konstanz en Radolfzell. It heechste punt fan it eilân leit op 438,7 meter boppe de seespegel en likernôch 43 meter boppe de Bodensee.

It eilân is 4,5 kilometer lang, 1,5 kilometer breed en hat in oerflak fan 4,3 km². Wat oerflak oanbelanget is it eilân it grutste eilân fan 'e hiele Bodensee en mear as seis kear sa grut as it eilân Lindau. De doarpen hawwe in ferstruide bebouwing en gjin echte kearn.

 
Abdijtsjerke.
 
Petrus en Paulustsjerke.

De benediktynske abdij fan Reichenau is yn 724 stifte troch Sint-Pirminius en opheft yn 'e 18e iuw. De abdij is ferneamd om de ylluminaasjes dy't dêr makke waarden yn 'e Karolingyske tiid.

Elts fan 'e trije doarpen op it eilân hat in midsiuwske abdijtsjerke:

Sûnt 2000 stiet it eilân Reichenau op 'e list fan it wrâlderfgoed fan UNESCO.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: de:Reichenau (Insel).