Sint-Joaristsjerke (Reichenau-Oberzell)
De Sint-Joaristsjerke (Dútsk: St. Georg) is in let-karolingysk en ottoansk tsjerkegebou yn Oberzell op it eilân Reichenau yn de Dútske dielsteat Baden-Wuertemberch. De tsjerke foarmet ûnderdiel fan it wrâlderfgoed fan UNESCO.
Sint-Joaristsjerke | ||
Lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
dielsteat | Baden-Wuertemberch | |
plak | Reichenau-Oberzell | |
adres | Seestraße | |
koördinaten | 47° 4' N 9° 4' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
patroanhillige | Joaris (hillige) | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 9e iuw | |
boustyl | romaanske arsjitektuer | |
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeYn 896 krige de aartsbiskop fan Mainz yn Rome fan paus Formosus reliken fan Sint-Joaris. Nei't er werom kaam ferdielde er de reliken en ek it kleaster fan Reichenau, wêrfan't Hatto abt wie, krigen dielen, wêrûnder de plasse fan de martler.
De Joaristsjerke soe neffens in Reichenauer bewurking fan it martlersboek fan Wandalbert fan Prüm (* 813, † nei 848) op in 18e novimber ynwijd wêze. Neffens de oerlevering fan de kronykskriuwer Galus Oehem bestie de tsjerke al yn de tiid fan abt Ruadhelm (838–842) en soe Haito (806-823) de stifter fan de tsjerke west ha. Undersyk wol lykwols ha dat Hatto III de stifter wie.
It hjoeddeiske tsjerkegebou is in letkarolingysk bouwurk, dat om 900 wijd en neitiid ferskillende kearen útwreide waard. De tsjerke is ien fan de âldste Joaristsjerken fan Europa en hat wichtige fresko's, dy't foar in part út de 9e en foar in part út de 10e/11e iuw datearje.
Oan de restauraasje fan de fresko's yn de jierren 1880 û.l.f. Franz Bär wurke ek Ludwig Maier. Ludwig Maier stelde yn 1883 út om de nijbou fan de roomske tsjerke yn Rittersbach neffens de Joaristsjerke te bouwen. Dy plannen waarden yn de jierren 1886-1888 útfierd.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe troch Hatto stifte preromaanske Joaristsjerke stiet op in heuveltsje op it eastlike diel fan it eilân. De trijskippige basilyk hat legere sydskippen, in krusingstoer en in rjochthoekich heech koer. De krypte ûnder it koer is in fouwerhoekige romte mei in alter tusken fjouwer pylders. Nei alle gedachten wiene se fan doel om yn 'e krypte de reliken fan Joaris te bewarjen. Yn alle gefallen datearret de krypte út de boutiid.
Fan de om 900 hinne boude tsjerke bleaune it hjoeddeiske skip mei de pylders en de krypte bewarre. Fanwegen de hilligeferearing waard doe keazen foar in, foar dy tiid, grutskalich gebou. De tsjerke hie nei alle gedachten ynstee fan in rjochthoekige ôfsluting doe in koer mei trije healrûne apsissen.
Om it jier 1000 hinne waard oan de westlike kant it tsjerkegebou in rûne apsis tafoege, mooglik om't de Joaris-reliken út de krypte nei it westlike diel fan de tsjerke ferhûzen. Om dy tiid hinne soene ek de fresko's ûnstien wêze kinne. Oan it begjin fan de 11e iuw waard lang om let noch in lege foarhal mei dêrboppe de Michaelkapel boud. Tagelyk waarden de rûne apsissen fan it transept omboud ta rjochthoekige ôfslutings.
De muorreskilderingen
bewurkje seksjeDe fresko's fan de noardlike en sudlike muorre fan it skip bleaune troch de tiid hinne goed bewarre. Ofbylde wurdt it libben fan Jezus lykas dy yn de evangeeljes beskreaun wurdt. Jezus wurdt as reddingbringende Kristus foarsteld, boppenatuerlik en dochs ek tichteby de mins. Eltse foarstelling wurdt begelaat mei in tekst yn in ryk fersierde list.
Op de noardlike muorre fan it west nei it easten binne te sjen:
- 1. De besetene út Geraza wurdt better makke (Markus 5:1-20)
- 2. In man mei wettersucht wurdt op sabbat better makke (Lukas 14:1-5)
- 3. It delbêdzjen fan de stoarm op de mar fan Galiléa (Markus 4:35-40)
- 4. In blyn berne man kin sjen (Jehannes 9:1-41)
Op de súdlike muorren binne fan it westen nei it easten te sjen:
- 5. It better meitsjen fan in lepralijer (Lukas 5:13)
- 6. De opwekking fan 'e widdosoan yn Naïn (Lukas 7:11-17).
- 7. De opwekking fan de dochter fan Jaïrus (Markus 5:21–43, Mattéus 9:18–26 en Lukas 8:40–56.
- 8. De opwekking van Lazarus (Jehannes 11:1-16)
De foarstellings hawwe ek in geografyske relaasje: de wûnderen oan de noardlike muorre (de kant fan de Bodensee) hawwe mei wetter fan dwaan, wylst de wûnderen oan de súdlike muorre (dêr't nei alle gedachten it tsjerkhôf lei) mei de opstanning te meitsjen hawwe.
Yn de ljochtbeuk binne de apostels te sjen; wylst de rûne ôfbyldings tusken de arkades abten foarstelle.
Oan de noardlike muorre bleau njonken de altertrep in 14e-iuwske spotprint bewarre, wêr't de gek stutsen wurdt mei de rabberij fan de sleauwe jongfammen. Fjouwer duvels draaie om in gedicht op in kowehûd hinne mei dêrop de tekst: Ich wil hie schribvn / von diesen tvmben wibvn / was hie wirt plapla gvsprochvn / vppigs in der wochvn / was wirt allvs wol gvdaht / so es wirt für den richtvr braht ('Ik wol hjir skriuwe oer dy domme froulju; itjinge hjir troch de wike oan blabla bepraat wurdt, oan dat alles sil tocht wurde, as it foar de rjochter komt').
Besibbe oan de syklus binne de fresko's fan 'e Silvesterkapel (Sylvesterkapelle) by Überlingen, dy't dêr lykwols minder goed bewarre binne. De yn 1886 boude neoromaanske Joaristsjerke fan Rittersbach is beskildere mei replika's fan de Reichenauer fresko's.
Oargel
bewurkje seksjeIt oargel waard yn 1985 troch de oargelbouwer Mönch út Überlingen boud. It ynstrumint besit 19 registers (en twa pedaaltransmisjes) op twa manualen en pedaal. De spyl- en registertraktueren binne mechanysk.
Klokken
bewurkje seksjeReichenau wie ien fan de earste gebieten yn Dútslân dêr't klokken getten waarden. De grutte klok wurdt op sneinen en hjeldagen in heal oere foar de tsjinst en by de eucharisty laat. Tsien minuten foar de misse wurde alle klokken laat. Foar missen troch de wike wurde alle klokken laat, ústein de grutte.
Nr. |
Namme |
Jitjier |
Jitter en it plak dêr de klok getten waard |
Trochsnit (mm.) |
Gewicht (kg.) |
Slachtoan (Halve toon-1/16) |
---|---|---|---|---|---|---|
1 | St. Georg | 1436 | Hans Schnabelburg, Sankt Gallen | 1.250 | 1.225 | fis1 +8 |
2 | Merij | 13. Jh. | ûnbekend, Reichenau | 850 | 380 | c2 +6 |
3 | 770 | 247 | d2 +8 | |||
4 | Evangelisten | 500 | 85 | cis3 +1 |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: de:St. Georg (Reichenau-Oberzell).
|