Petrus en Paulustsjerke (Reichenau-Niederzell)
De Petrus en Paulustsjerke (Dútsk: St. Peter und Paul) is in romaanske basilyk op it eilân Reichenau yn de Dútske dielsteat Baden-Wuertemberch. De tsjerke stiet yn it doarp (Ortsteil) Niederzell en falt ûnder it wrâlderfgoed fan UNESCO.
Petrus en Paulustsjerke | ||
Lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
dielsteat | Baden-Wuertemberch | |
plak | Reichenau-Niederzell | |
adres | Seestraße | |
koördinaten | 47° 42' N 9° 02' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
patroanhillige | Apostels Petrus en Paulus | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 11e iuw | |
boustyl | romaanske arsjitektuer | |
Webside | ||
Cella Sankt Benedikt | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe earste tsjerke op it plak waard yn it jier 799 troch biskop Egino fan Verona stifte. Egino hie him flak foar syn dea yn 802 op it eilân werom lutsen yn in cella op de westlike punt fan it eilân. De biskop leit begroeven yn in 12e-iuwsk grêf yn it koer fan de tsjerke.
Dy tsjerke wie in sealtsjerke mei in apsis en wie neffens neffens bewarre reliëfs yn it noardlike sydskip tige moai fersierd. Resten fan karolingyske fresko's dy't net mear te sjen binne, tsjûgje der fan dat dy earste tsjerke ek beskildere wie. Nei twa brannen waard de tsjerke yn 1080 ôfbrutsen en op de âlde fûneminten ferfongen troch de hjoeddeiske tsjerke dy't like grut is as de âlde.
Neffens dendrochronolysk ûndersyk binne yn 1127 de lêste wurksumheden oan it dak foltôge. Yn de jierren 1750-1760 folge in grutte ferbouwing fan it ynterieur.
Arsjitektuer
bewurkje seksjeIn yndruk fan de romaanske bûtenkant fan de tsjerke wurdt allinne noch fanút it easten bean mei de beide tuorren, dy't lykwols yn de 15e iuw noch ferhege binne. It fierstente grutte goatyske finster yn de apsis ferfangt dêr in romaansk finsterke. Súdlik wie eartiids noch in tafoege kapel en in bemuorre stik terrein. Ek de westlike kant fan de tsjerke krige in stiennen ôffreding.
Njonken de foar de besikers yndrukwekkende apsisfresko's út de lette 11e iuw is benammen de foargonger fan de hjoeddeiske tsjerke histoarsk ynformatyf, om't de reliëfs en fresko's fan de foargonger lombardyske ynfloeden hiene, dy't foar de ûntwikkeling fan de lettere ferneamde skoalle fan Reichenau sûnt de twadde helte fan de 9e iuw sa wichtich wiene. Fan de 11e iuwske tsjerke binne fral de pylderarkades mei de strang fersierde kapitelen bewarre bleaun.
Ynterieur
bewurkje seksjeYn de jierren 1750-1760 waard de tsjerke yn de styl fan de rokoko ferboud. De finsters waard grutter makke en it flakke plafond ferfongen troch in stúkferwulft, wylst yn it westlike diel in oargelgalerij foar in nij oargel tafoege waard.
De lytse Egino-kapel is troch in sydyngong tagonklik en wurdt troch de benediktinen fan de Cella Sankt Benedikt brûkt om te bidden.
Oargel
bewurkje seksjeIt histoaryske oargel fan de tsjerke waard yn 1783 boud troch Johann Baptist út Überlingen. It ynstrumint besit 11 registers, ferdield oer ien manuaal en pedaal. Robert Wech út Buchloe restaurearre it oargel yn 2018.
Klokken
bewurkje seksjeDe tsjerke hat fiif klokken út trije ferskillende iuwen. Neffens opgravingen soe Niederzell yn de 14e iuw in klokkejittersskoalle hân ha. Trije klokken binne troch dy skoalle getten.
Nr. |
Namme |
Jier fan jitten |
Jitter |
Trochsneed (mm.) |
Gewicht (kg.) |
Slachtoan |
1 | Osanna | 1521 | Nicolaus Oberacer | 1.150 | fis1 +1 | |
2 | Petrus | 14e iuw | ûnbekend | 920 | 500 | ais1 +5 |
3 | 14e iuw | ûnbekend | 770 | 300 | d2 +9 | |
4 | Maria, Allerheiligen | 1778 | Leonhard Rosenlecher | 450 | a2 +4 | |
5 | 14e iuw | ûnbekend | 500 | 100 | h2 +4 |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: de:St. Peter und Paul (Reichenau-Niederzell).
|