Konstanz (stêd)
Konstanz is in universiteitsstêd in de Dútske dielsteat Baden-Württemberg, en leit oan de Switserske grins. It is de Kreisstadt fan it Landkreis Konstanz. De stêd hie yn 2018 hast 85.000 ynwenners. Oanbuorjende stêden binne ûnder oaren Aach, Engen en Radolfzell am Bodensee.
Konstanz leit oan de Ryn en de Bodensee, tusken de Obersee en de Untersee. De stêd leit tsjin de grins mei Switserlân oan en grinzet oan it kanton Thurgau. Tsjin Konstanz oan leit it Switserske plak Kreuzlingen. Op de grins binne ferskate grinsoergongen en dûanefasiliteiten.
Op de súdouwer fan de Ryn leit de histoaryske binnensstêd mei spoarstasjon. Oan de noardside fan de Ryn lizze de nijere stedsdielen.