Radolfzell am Bodensee

Radolfzell am Bodensee is in stêd yn de Dútske dielsteat Baden-Wuertemberch. De stêd is op twa nei de grutste stêd fan de lânkring Konstanz en de iennige stêd mei de tafoeging am Bodensee. Sûnt 1 jannewaris 1975 is de stêd in Große Kreisstadt.

Radolfzell am Bodensee
Sintrum
Sintrum
Emblemen
Bestjoer
Lân Dútslân
dielsteat Baden-Wuertemberch
lânkring Konstanz
Stedsyndieling kearnstêd mei 6 stedsdielen
Sifers
Ynwennertal 31.582 (2021)
Oerflak 58,55 km²
Befolkingsticht. 539 ynw./km²
Hichte 404 m.
Oar
Postkoade 78315
Koördinaten 47° 44' N 8° 58' E
Offisjele webside
www.radolfzell.de
Kaart
Radolfzell am Bodensee (Baden-Wuertemberch)
Radolfzell am Bodensee

Radolfzell is in kuerplak (Mettnaukur/Mettnau) en foarmet in knooppunt foar treinen. De stêd hat yndustry yn de masinebou, taleveringsbedriuwen foar de autoyndustry en tekstyl- en fiedingsmiddelenyndustry.

Radolfzell waard yn it jier 826 as de Cella Ratoldi stifte troch biskop Radolf fan Verona (amtstiid 799 oant 840, ferstoarn yn 847).

Radolfzell leit oan de noardwestlike igge fan de Bodensee, oan it diel dat de Untersee hjit. It stedsgebiet leit by de Bodensee tusken 395 meter boppe de seespegel oant 675 meter boppe seenivo by it doarp Liggeringen. Oan de eastlike kant leit yn it doarpsgebiet fan Möggingen de likernôch twa kilometer lang en 600 meter brede Mindelsee.

Stedsyndieling

bewurkje seksje

Njonken de stêd hearre sûnt de weryndielings fan 1974 ek de earder selsstannige plakken:

  • Böhringen
  • Güttingen
  • Liggeringen
  • Markelfingen
  • Möggingen
  • Stahringen

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: de:Radolfzell am Bodensee.