Ludwigsburg (Landkreis)

Ludwigsburg is in bestjoerlik distrikt yn de Dútske dielsteat Baden-Wuertemberch. De lânkring waard yn 1973 oprjochte. De sit fan 'e lânkring is de eardere Wuertemberchske residinsjestêd Ludwigsburg, dy't ek de grutste stêd fan 'e lânkring is.

Lânkring Ludwigsburg
wapen
Statistyk
Ynwennertal 551.051 (2022)
Oerflak 686,77 km²
Befolkingsticht. 802 ynw./km²
Polityk
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Baden-Wuertemberch
Regierungsbezirk Stuttgart
Oar
Adres bestjoer Hindenburgstraße 40
71638 Ludwigsburg
Koördinaten 48° 53' N 9° 12' E
Oprjochting 1937
Yndieling 39 gemeenten
Kenteken LB, VAI
NUTS-koade DE115
Kreiskaai 08 1 18
Webside landkreis-ludwigsburg.de

Stêden en gemeenten

bewurkje seksje

De lânkring is neffens de folgjende stêden en gemeenten yndield:

 
Yndieling
Stêden Gemeenten
  1. Asperg
  2. Besigheim
  3. Bietigheim-Bissingen
  4. Bönnigheim
  5. Ditzingen
  6. Freiberg am Neckar
  7. Gerlingen
  8. Großbottwar
  9. Korntal-Münchingen
  10. Kornwestheim
  11. Ludwigsburg
  12. Marbach am Neckar
  13. Markgröningen
  14. Oberriexingen
  15. Remseck am Neckar
  16. Sachsenheim
  17. Steinheim an der Murr
  18. Vaihingen an der Enz
  1. Affalterbach
  2. Benningen am Neckar
  3. Eberdingen
  4. Erdmannhausen
  5. Erligheim
  6. Freudental
  7. Gemmrigheim
  8. Hemmingen
  9. Hessigheim
  10. Ingersheim
  11. Kirchheim am Neckar
  12. Löchgau
  13. Möglingen
  14. Mundelsheim
  15. Murr
  16. Oberstenfeld
  17. Pleidelsheim
  18. Schwieberdingen
  19. Sersheim
  20. Tamm
  21. Walheim

Gearwurkingsferbannen

bewurkje seksje

Yn 'e lânkring binne twa ferskillende soarten gearwurkingsferbannen:

  • Gemeindeverwaltungsverbände (GVV).
  • Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaften (VVG).

Gemeindeverwaltungsverbände yn 'e lânkring binne:

  • GVV Besigheim mei de stêd Besigheim en de gemeenten Freudental, Gemmrigheim, Hessigheim, Löchgau, Mundelsheim en Walheim.
  • GVV Bönnigheim mei de stêd Bönnigheim en de gemeenten Erligheim en Kirchheim am Neckar.
  • GVV Marbach am Neckar mei de stêd Marbach am Neckar en de gemeenten Affalterbach, Benningen am Neckar en Erdmannhausen.
  • GVV Schwieberdingen-Hemmingen mei Schwieberdingen en Hemmingen.
  • GVV Steinheim-Murr mei de stêd Steinheim an der Murr en de gemeente Murr.

Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaften yn 'e lânkring binne:

  • VVG Vaihingen an der Enz mei de stêd Oberriexingen en de gemeenten Eberdingen en Sersheim.
  • VVG Bietigheim-Bissingen mei de stêd Tamm en de gemeente Ingersheim.
  • VVG Freiberg am Neckar mei de gemeente Pleidelsheim.

In GVV is in gearwurking tusken teminsten twa gemeenten yn Baden-Wuertemberch mei it doel om yn it ramt fan gemeentlik selsbestjoer yn in grutter ferbân publike taken út te fieren, sûnder dêrby selsstannigens yn te leverjen. Sa wurde bygelyks de administraasjes fan 'e yn in VVG oansletten gemeenten gearfoege, itjinge jild útsparret. In oar foarbyld fan in taak kin bygelyks it ferstjoeren fan belestingoanslaggen oan ynwenners fan 'e oansletten gemeenten wêze. Yn oare Dútske dielsteaten binne soartegelikense gearwurkingsferbannen tusken gemeenten ûnder oare nammen bekend.[1]

De VVG is in foarm fan yntergemeentlike gearwurking yn Baden-Wuertemberch. Yn dat gefal nimt in gemeente (yn it Dútsk in erfüllende Gemeinde of ferfangende gemeente) taken fan in GVV oer, sûnder dat in GVV de juridyske selsstannigens ferliest. De VVG hat sels dus gjin juridysk foech en is likemin in gemeenteferbân. In VVG wurdt troch in bestjoersoerienkomst oprjochte en bestiet út meardere oanbuorjende gemeenten yn in mienskiplike lânkring.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: de:Landkreis Ludwigsburg, ferzje 28 maaie 2024.


 
Baden-Wuertemberch
 
Regierungsbezirke

Freiburg - Karlsruhe - Stuttgart - Tübingen

Landkreise
Alb-Donau-Kreis - Biberach - Bodenseekreis - Böblingen - Breisgau-Hochschwarzwald - Calw - Konstanz - Emmendingen - Enzkreis - Esslingen - Freudenstadt - Göppingen - Heidenheim - Heilbronn - Hohenlohekreis - Karlsruhe - Lörrach - Ludwigsburg - Main-Tauber-Kreis - Neckar-Odenwald-Kreis - Ortenaukreis - Ostalbkreis - Rastatt - Ravensburg - Rems-Murr-Kreis - Reutlingen - Rhein-Neckar-Kreis - Rottweil - Schwäbisch Hall - Schwarzwald-Baar-Kreis - Sigmaringen - Tübingen - Tuttlingen - Waldshut - Zollernalbkreis

Kreisfreie Städte
Baden-Baden - Freiburg im Breisgau - Heidelberch - Heilbronn - Karlsruhe - Mannheim - Pforzheim - Stuttgart - Ulm