Reutlingen (Landkreis)
De Landkreis Reutlingen is in lânkring yn 'e Dútske dielsteat Baden-Wuertemberch. De lânkring waard oprjochte yn 1934 en leit foar it grutste part yn 'e Schwäbische Alb.
Lânkring Reutlingen | ||
wapen | ||
Statistyk | ||
Ynwennertal | 291.696 (2022) | |
Oerflak | 1.092,46 km² | |
Befolkingsticht. | 267 ynw./km² | |
Polityk | ||
Lân | Dútslân | |
Dielsteat | Baden-Wuertemberch | |
Regierungsbezirk | Tübingen | |
Oar | ||
Adres bestjoer | Bismarckstraße 47 72764 Reutlingen | |
Koördinaten | 48° 29' N 9° 13' E | |
Oprjochting | 1934 | |
Yndieling | 26 gemeenten | |
Kenteken | RT | |
NUTS-koade | DE141 | |
Kreiskaai | 08 4 15 | |
Webside | www.kreis-reutlingen.de |
Skiednis
bewurkje seksjeDe lânkring giet werom op it Oberamt Reutlingen, dat yn 1803 oprjochte waard doe't de foarhinne frije ryksstêd Reutlingen ûnderdiel fan Wuertemberch waard. Yn 1934 waard it in lânkring en yn 1938 waard de kring Urach opheft en ferdield tusken de lânkringen Reutlingen en Münsingen. De lânkring Münsingen waard yn 1973 opheft en it grutste part dêrfan waard by de lânkring Reutlingen foege. Fierder waarden der ek in pear gemeenten fan oare lânkringen by Reutlingen yndield.
Stêden en gemeenten
bewurkje seksjeYn 'e lânkring lizze de folgjende stêden en gemeenten:
Stêden | |
---|---|
Gemeenten | |
---|---|
De stêden Metzingen en Reutlingen binne Große Kreisstädte. It Gutsbezirk Münsingen is in gemeentefrij gebiet, dat net (mear) bewenne wurdt.
Gearwurkingsferbannen
bewurkje seksjeYn 'e lânkring binne twa ferskillende soarten gearwurkingsferbannen:
- Gemeindeverwaltungsverbände (GVV).
- Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaften (VVG).
Gemeindeverwaltungsverbände binne:
- GVV Zwiefalten-Hayingen mei de sit yn Zwiefalten; oansletten gemeenten binne: de stêd Hayingen en de gemeenten Pfronstetten en Zwiefalten.
Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaften binne":
- VVG fan 'e stêd Bad Urach mei de gemeenten Grabenstetten, Hülben en Römerstein.
- VVG fan 'e gemeente Engstingen mei de gemeente Hohenstein.
- VVG fan 'e stêd Stadt Metzingen mei de gemeenten Grafenberg en Riederich.
- VVG fan 'e stêd Stadt Münsingen mei de gemeenten Gomadingen en Mehrstetten.
- VVG fan 'e gemeente Pliezhausen mei de gemeente Walddorfhäslach.
In GVV is in gearwurking tusken teminsten twa gemeenten yn Baden-Wuertemberch mei it doel om yn it ramt fan gemeentlik selsbestjoer yn in grutter ferbân publike taken út te fieren, sûnder dêrby selsstannigens yn te leverjen. Sa wurde bygelyks de administraasjes fan 'e yn in VVG oansletten gemeenten gearfoege, itjinge jild útsparret. In oar foarbyld fan in taak kin bygelyks it ferstjoeren fan belestingoanslaggen oan ynwenners fan 'e oansletten gemeenten wêze. Yn oare Dútske dielsteaten binne soartegelikense gearwurkingsferbannen tusken gemeenten ûnder oare nammen bekend.[1]
De VVG is in foarm fan yntergemeentlike gearwurking yn Baden-Wuertemberch. Yn dat gefal nimt in gemeente (yn it Dútsk in erfüllende Gemeinde of ferfangende gemeente) taken fan in GVV oer, sûnder dat in GVV de juridyske selsstannigens ferliest. De VVG hat sels dus gjin juridysk foech en is likemin in gemeenteferbân. In VVG wurdt troch in bestjoersoerienkomst oprjochte en bestiet út meardere oanbuorjende gemeenten yn in mienskiplike lânkring.[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: de:Landkreis Reutlingen, ferzje 28 maaie 2024.
|
Baden-Wuertemberch | ||
---|---|---|
Regierungsbezirke | ||
Landkreise Alb-Donau-Kreis - Biberach - Bodenseekreis - Böblingen - Breisgau-Hochschwarzwald - Calw - Konstanz - Emmendingen - Enzkreis - Esslingen - Freudenstadt - Göppingen - Heidenheim - Heilbronn - Hohenlohekreis - Karlsruhe - Lörrach - Ludwigsburg - Main-Tauber-Kreis - Neckar-Odenwald-Kreis - Ortenaukreis - Ostalbkreis - Rastatt - Ravensburg - Rems-Murr-Kreis - Reutlingen - Rhein-Neckar-Kreis - Rottweil - Schwäbisch Hall - Schwarzwald-Baar-Kreis - Sigmaringen - Tübingen - Tuttlingen - Waldshut - Zollernalbkreis | ||
Kreisfreie Städte Baden-Baden - Freiburg im Breisgau - Heidelberch - Heilbronn - Karlsruhe - Mannheim - Pforzheim - Stuttgart - Ulm | ||
· · |