Heidelberch
| |||
Lân | Dútslân | ||
Dielsteat: | Baden-Wuertemberch | ||
Krite: | Kreisfreie Stadt | ||
Ynwennertal | 160.355 (1473 ynw/km²)(2018) | ||
Oerflak: | 108,83 km² | ||
Tiidsône: | CET/CEST (UTC+1/+2) | ||
Koördinaten: | 49° 25' NB, 08° 43' EL | ||
Webside: | www.heidelberg.de |
Heidelberch (Dútsk: Heidelberg) is in stêd yn de Dútske dielsteat Baden-Wuertemberch, net fier fan de mûning fan de Neckar yn de Ryn. De stêd is bekend om syn histoaryske sintrum en universiteit. De winkelstrjitte yn it sintrum tusken Bismarckplatz en it Heidelberger Schloss is 1,6 kilometer lang.
Skiednis
bewurkje seksjeDe stêd waard yn 1196 foar it earst yn offisjele dokuminten neamd. Yn 1386 waard yn Heidelberch de Ruprecht-Karls-Universität stifte, de âldste universiteit fan Dútslân.
Yn de earste helte fan de 16e iuw begjint de Reformaasje yn it súdwesten fan Dútslân. Yn 1563 ferskynd yn Heidelberch de Heidelberchske Kategismus en yn 1572 de earste Dútske oersetting fan "Institutio Christianae Religionis", it wichtichste wurk fan Jehannes Kalvyn.
Yn de Twadde Wrâldkriich is de stêd net bot skeind troch bombardeminten.
Nijsgjirrich
bewurkje seksje"De Alde Friezen" is in liet skreaun troch Eeltsje Halbertsma en foar it earst publiseare yn de twadde printinge fan "De Lapekoer fen Gabe Skroor", yn 1829. By de meldije, dy't efteryn it boek opnaam is, stiet gjin komponist, mar it is de meldije fan "Vom hoh'n Olymp" fan Heinrich Christian Schnoor, dy't Halbertsma faaks leard hat yn de tiid dat er studint wie yn Heidelberch.
Museums
bewurkje seksje- Kastiel fan Heidelberch
- Völkerkundemuseum
- Deutsches Apotheken-Museum
- Verpackungsmuseum
- Prinzhorn-Sammlung
- Carl Bosch Museum
- Kurpfälzisches Museum der Stadt Heidelberg
Berne yn Heidelberch
bewurkje seksje- Franciscus Junius
- Loadewyk IV fan de Palts (1424-1449), karfoarst fan de Palts
- Carl Philipp Fohr (1795-1818), keunstskilder
- Wilhelm Dittenberger (1840-1906), klassikus en epigrafikus
- Friedrich Ebert (1871-1925), Dútsk politikus fan de SPD
- Ernst Jünger (1895-1998), skriuwer en essayist
- Rama VIII (1925-1946), lettere kening fan Tailân
- Theodor Hänsch (1941), fysikus (MPQ, Nobelpriis 2005)
- Silvia Sommerlath (1943), letter keninginne fan Sweden
- Jackson Browne (1948), Amerikaansk popsjonger
- Wolfgang Ketterle (1957), fysikus (MIT, Nobelpriis 2001)
- Michael Fassbender (1977), Iersk-Dútsk akteur
Stoarn yn Heidelberch
bewurkje seksje- Albert Marth (1828–1897), Dútsk astronoom
- George Patton (1885–1945), Amerikaansk generaal
- Hans-Georg Gadamer (1900-2002), Dútsk filosoof
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Heidelberch fan Wikimedia Commons. |
Baden-Wuertemberch | ||
---|---|---|
Regierungsbezirke | ||
Landkreise Alb-Donau-Kreis - Biberach - Bodenseekreis - Böblingen - Breisgau-Hochschwarzwald - Calw - Konstanz - Emmendingen - Enzkreis - Esslingen - Freudenstadt - Göppingen - Heidenheim - Heilbronn - Hohenlohekreis - Karlsruhe - Lörrach - Ludwigsburg - Main-Tauber-Kreis - Neckar-Odenwald-Kreis - Ortenaukreis - Ostalbkreis - Rastatt - Ravensburg - Rems-Murr-Kreis - Reutlingen - Rhein-Neckar-Kreis - Rottweil - Schwäbisch Hall - Schwarzwald-Baar-Kreis - Sigmaringen - Tübingen - Tuttlingen - Waldshut - Zollernalbkreis | ||
Kreisfreie Städte Baden-Baden - Freiburg im Breisgau - Heidelberch - Heilbronn - Karlsruhe - Mannheim - Pforzheim - Stuttgart - Ulm | ||
· · |