Karfoarstedom fan de Palts

(Trochferwiisd fan Karfoarstedom fan 'e Palts)

It Karfoarstedom fan de Palts, it Paltsgreefskip oan de Ryn, de Kar-Palts of koartsein de Palts (Dútsk: kurfürst­liche Pfalzgraf­schaft bei Rhein (Kurpfalz), Latyn: palatinatus rheni) wie in wrâldsk ryksfoarstendom yn it Hillige Roomske Ryk. It Paltsgreefskip ûntstie yn de hege midsiuwen en waard yn 1803 opdield. Yn de 13e iuw waard de Palts ien fan de sân karfoarstendommen yn it Hillige Roomske Ryk, wêrtroch't de paltsgreve it rjocht hie om mei oaren de Roomsk-Dútske kening te kiezen.

Lizzing fan de Palts

It territoarium fan de Palts bestie út ferskillende net-oaniensletten gebieten oan beide kanten fan de Ryn. Yn de rin fan de skiednis waard it gebiet faak útwreide, mar in soad gebieten giene letter wer ferlern. It politike, ekonomyske en kulturele sintrum fan it lân lei om de gearfloeiïng fan de Neckar en de Ryn. Dêr leine ek de âlde haadstêd Heidelberg en de lettere haadstêd Mannheim. Tusken 1329 en 1623 wie ek de Opper-Palts, yn it noarden fan Beieren, in ûnderdiel fan it karfoarstendom. Yn 1512 waard de Palts yndield by de Kar-Rynske Kreits.

As karfoarstendom wie de Palts ien fan de ynfloedrykste gebieten yn it Hillige Roomske Ryk. De macht fan de Palts berikte in hichtepunt yn de tiid fan paltsgreve Ruprecht as Roomsk-kening (1400–1410). It lân berikte syn grutste territoriale omfang oan de ein fan de 15e iuw. Yn de lette 16e en iere 17e iuw spilen de karfoarsten in grutte rol as oanfierders fan de kalvinistyske foarsten yn it Hillige Roomske Ryk. Yn de Tritichjierrige Oarloch en de Njoggenjierrige Oarloch waard it lân ferwoaste en de befolking desimearre, wêrtroch 't De Palts syn politike betsjutting ferlear. Ekonomysk wie de Palts foaral bekend as wynprodusint. [1]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. By it skriuwen fan dizze side is gebrûk makke fan (dú) A.Kohnle (2008): Kleine Geschichte der Kurpfalz, tredde printinge, G.Braun Buchverlag, Karlsruhe.