Kapittelseal
In kapittelseal of kapittelhûs is in romte yn in tsjerke, kleaster of abdij dêr't muontsen of koarhearen byinoar komme om ûnderrjochte te wurden troch de abt of proast of om mei-inoar te bidden en te praten. It wurd kapittel betsjut "haadstik", ferwizend nei in haadstik yn de Bibel dat dêr deistich lêzen waard.
Yn in kapitteltsjerke, of ek wol kollegiale of stifttsjerke neamd, is de kapittelseal de romte dêr't it kapittel, it kolleezje fan kanunniken of stiftsdames, byinoar komt.
Galery
bewurkje seksje-
Kapittelseal abdij fan Thorn
-
Kapittelhûs Katedraal fan Lincoln
-
Kapittelhûs Katedraal fan Canterbury
-
Kapittelseal katedraal fan Toledo
Keppeling om utens
bewurkje seksje Commons: Kapittelseal – foto, fideo en harktriemmen