David fan Boergonje
David fan Boergonje (Atrecht, 1427 - Wyk by Duurstede, 25 april 1496) wie biskop fan Sticht Utert fan 1456 oant 1496. Hy wie de langst regearjende biskop fan Utert, Balderik en Willibrord net meirekkene. Hy wie ek proast fan Sint-Donaas yn Brugge.
Jonkheid
bewurkje seksjeDavid fan Bourgonje wie in oerwinneling fan de Boergondyske hartoch Filips de Goede en Colette Casteleyn.
Oktober 1439 folge er syn omke Jan fan Boergonje op as proast fan Sint-Donaas yn Brugge en tagelyk ek as kânselier fan it greefskip Flaanderen. Dat moast fan Filips de Goede, mar it gie net fansels: David wie ommers noch mar tolve jier. Dochs liet er him op 20 desimber 1439 offisjeel ynstallearje. Der kamen ek disputen meidat er in oantal ferplichtingen fan in proast fersomme. Yn 1451 fersake er oan it Bruchske proastskip yn it foardiel fan Loadewyk fan Bourbon.
Yn 1446, 18 jier âld, waard er yn de klerus opnaam en yn septimber 1451 waard er, mei dispinsaasje foar ûnwettige berte en foar leeftyd, ta biskop fan Terwaan beneamd. Yn maart 1452 wie er 25 en ûntfong er de biskopswijing.
Biskop fan Utert
bewurkje seksjeIt krewearjen fan de Hollânske Kabeljauwen en de Boergonjersdiërs hie er oan te tankjen dat er troch de paus ta biskop fan Utert beneamd waard. De Utertske kapittels hiene lykwols op 7 april 1455 de Hoekske oanhinger domproast Gijsbrecht fan Brederode ta biskop keazen. Twongen troch Filips de Goede oanfurdige it Nedersticht Davids beneaming op 3 augustus 1456 by it Ferdrach fan IJsselstein. It Oersticht moast mei geweld oertsjûge wurde. De stêd Dimter waard fiif wike belegere foar't dy belies joech. Dy tastân hie in boargeroarloch fan gefolgen, de Earste Utertske Boargeroarloch, wêrnei't David yn 1459 besleat Utert te ferlitten en him yn it krekt bemachtige Kastiel Duurstede te festigjen. Fanwegen Boergondyske stipe en tûk manûvrearjen waard syn gesach grutter. It finzen nimme fan de bruorren Reinoud en Gysbert fan Brederode in 1470 betsjutte in trochbrek. In oare effektive maatregel wie it ynstellen fan de Schive, in sintraal hof fan berop dat boppe de stedsrjochtspraak stie.
David fan Boergonje koe him, mei de Boergondyske macht op de achtergrûn, tusken 1470 en 1477 faaks de machtichste biskop fan Europa neame. Hy beneamde de skout, ûntnaam de Ried de kriminele rjochtspraak, kontrolearre de tollen en beheinde de ynfloed fan de stêd op it plattelân. Yn 1473 sette er út ein mei de oanlis fan de Biskop Davidsgrift (of- grebbe) foar de ferfeaning yn de Gelderske Fallei.
Nei de dea fan syn healbroer Karel de Stoute yn 1477 feroare de sitewaasje. Davids polityk late yn 1481 ta in opstân fan oanhingers fan de Hoekske partij yn Hollân. Der briek in nije boargeroarloch út, de Stichtske Oarloch, en David waard finzennaam. Maksimiliaan fan Eastenryk moast der oan te pas komme om him te befrijen. Mei de Slach by Westbroek ferovere David Utert op 'en nij. Yn 1483 waard er wer ferdreaun, wat ta it Belis fan Utert (1483) late. De lêste jierren fan Davids bewâld stiene yn it teken fan it ophelpen fan de finansjele sitewaasje nei de boargerkriich fan 1481-1483 en it lavearjen tusken de ynfloed fan de Habsburgers, dy't wilens Hollân yn hannen hiene, en fan Gelre.
David fan Boergonje wie in leafhawwer fan pracht dy't keunstners oan syn hof ferbûn en in kreftige impuls joech oan de bou fan de Domtsjerke yn Utert. Hy modernisearr syn residinsje, it Kastiel Duerstede by Wyk by Duerstede, en ek de grut opsette tsjerke yn dat plak sil er sines ta dien hawwe. Nei syn dea waard er beïerdige yn dy tsjerke.
Hy stipe religieuze fernijing fan ûnder mear de bruorren fan it Miene Libben fan Geert Grote.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|