Wyk by Duerstede

Nederlânske gemeente
(Trochferwiisd fan Wyk by Duurstede)

Wyk by Duerstede (Nederlânsk en offisjeel: Wijk bij Duurstede) is in stêd en gemeente yn it suden fan de provinsje Utert.
De gemeente hat 23.988 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS) op in oerflak fan 50,3 km² wêrfan 2,68 km² wetter. Troch en lâns Wyk by Duerstede streame de rivieren Nederryn, Lek, Krûme Ryn en it Amsterdam-Rynkanaal.

Wyk by Duerstede
Wijk bij Duurstede
Wetter yn de stedshaven
flagge wapen
lokaasje
polityk
lân flagge fan Nederlân Nederlân
provinsje Utert
boargemaster Iris Meerts (PvdA)
sifers en geografy
haadplak Wyk by Duerstede
grutste plak Wyk by Duerstede
ynwennertal 23.988 (1 jannewaris 2024)
befolkingstichtens 502 / km²
oerflak 50,40 km²
● wêrfan lân 37,62 km²
● wêrfan wetter 2,78 km²
tal stêden 1
tal doarpen 2
ferkearsieren ,
skiednis
oprjochte 1300
oar
netnûmer 0343
postkoade 3945, 3947, 3960-3962
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.wijkbijduurstede.nl
Topografyske gemeentekaart fan Wyk by Duerstede

De gemeente grinzget oan de gemeenten Houten, Bunnik, Utertske Heuvelrêch, Culemborg en Buren.

De gemeente bestiet fierder noch út de doarpen Cothen en Langbroek.

Nammeferklearring

bewurkje seksje

Foar it nammediel Wyk wurde ferskillende ferklearrings jûn, it soe ûnder mear werom gean op it Romeinske vicus, of it Germaanske wik dat "bocht" of "ynholte" betsjut.[1] It nammediel Duerstede lit him werliede ta it eardere handelsplak Doarestêd, hokker namme op syn minst diels fan Keltyske oarsprong is.[2]

Yn de Romeinske tiid stie hjir oan de Ryn in Romeinsk castellum, grif Levefanum. Ek rûn de noardlike grins (limes) fan it Romeinske Ryk dwers troch Wyk by Duerstede.

 
Fibula fan Doarestêd út ± 775-800 fûn yn de wetterput fan Doarestêd, no yn it Ryksmuseum fan Aldheden te Leien

Yn de iere midsiuwen lei der ien fan de wichtichste hannelsplakken fan Noardwest-Europa: Doarestêd. Om 850 foel Doarestêd troch oanfallen fan de Wytsingen. Sa wie oan frij resint de skiedskriuwing. Der wurdt wyls lykwols slim rekken mei hâlden dat natuerlike en (tsjerke)politike faktoaren yn kombinaasje mei de ferskowende machtsferhâldings nei alle gedachten in gruttere rol spilen. De Rynbêding soe him wat ferlein hawwwe, de haven soe yn dy tiid ek begjinne te fersânjen en dêroerhinne kaam in wetterstiging. It ferfal fan Doarestêd betsjutte bloei foar Tiel, Dimter en letter Utert. Der binne in soad fynsten dien yn en om Wyk by Duerstede út dizze skiednisperioades, dy't te sjen binne yn Museum Doarestêd.

Wyk by Duerstede krige yn 1300 stedsrjochten fan Gysbert fan Abcoude en wie boud oan in yn 1270 boude wentoer dy't groeie soe ta kastiel Duerstede. Koart dêrnei is grif begûn mei de ferdigening fan de stêd mei it oanbringen fan in ierden omwâling en omgrêfting wêrby't foar de omgrêfting diels gebrûk makke waard fan de âlde rivierbêdingen. Mids 14e iuw waard de stêd yn eastlike rjochting útwreide en fermoedlik waard yn dyselde perioade de stêd foarsjoen fan in stedsmuorre mei stedspoarten en fersterkingstuorren. De stedsmuorre en omgrêfing waarden om 1445 fernijd.[3]

 
De stêd út de loft, mei loftsboppe de Nederryn dy't oergiet yn de Lek, en rjochtsboppe it Amsterdam-Rynkanaal

De gemeente Wyk by Duerstede hat in lanlike lizzing boppe de grutte rivieren yn it midden fan Nederlân. It leit oan de krusing fan it Amsterdam-Rynkanaal mei de Lek en de splitsing fan de Nederryn yn de Lek en de Krûme Ryn.

De gemeente bestiet út de stêd Wyk by Duerstede (18.376 ynwenners) en is op 1 jannewaris 1996 gearfoege mei de gemeenten Cothen (2973 ynwenners) en Langbroek (2110 ynwenners).

 
Kastiel Duerstede

Ryksmonuminten

bewurkje seksje
  • Kleurryk Wyk
  • Jazz by Duerstede
  • Gospel by Duerstede
  • Shantyfestival
  • Mazijkpop
  • Catch-Up Festival

Rekreaasjegebieten

bewurkje seksje
  • Rekreaasjegebiet waarden fan Gravenbol
 
Molen Ryn en Lek mei de Runmolenpoarte
  • Binnenstêd (Sintrum)
  • Frankenhof
  • De Engk
  • Noarderwaard
    • Noarderwaard-noard
    • Noarderwaard-súd
  • De Horden
    • Parkwijck
    • Rivieren
    • Ovens
    • Skipsnammen
    • Skipstermen
  • De Heul
  • De Geer

Takomstige bebouwing

bewurkje seksje
  • FeilingPark (op it plak fan it eardere feilingterrein)
  • Rynweide (namme fan it wenwykje fan it Jolice Terrein, yn ûntwikkeling)
  • Broekwei (útwreiding)
  • De Geer II (útwreiding fan de Geer, tusken de Greve fan Lynden fan Sandenburgweg en de Remus)
  • Broekwei
  • Langshaven
  • Doarestêd Plantsoen
  • Evenemintenterrein / Stedspark
  • Kastielpark

Ferkear en ferfier

bewurkje seksje
Sicht op Wyk by Duerstede vanaf de Lek
Wykse fear
  • Feartsjinst Beusichemse fear oer de rivier de Lek ferbynt Wyk by Duerstede mei Beusichem (rjochting Culemborg)

Wyk by Duerstede hat in oantal sportferienings, wêrûnder fuotfalferiening CDW.

Bekende (eardere) ynwenners

bewurkje seksje

sieregisseur

  • Irene van Lippe-Biesterfeld (5 augustus 1939), Prinses fan Lippe-Biesterfeld. Hja wennet in gedielte fan it jier yn dizze stêd.
  • Nikkie Plessen (8 maaie 1985), Nederlânske presintatrise, aktrise en model
  • Laura Dekker (20 septimber 1995),in Nederlânske solosylster mei de winsk om allinnich om de wrâld te silen.
  • Wyk by Duerstede hat in bynamme: "Doarestêd" (in súksesfolle hannelsstêd). It is net sa dat it hjoeddeiske Wyk by Duerstede in streekrjochte fuortsetting is fan it âlde Doarestêd. It is neamd nei kastiel Duerstede, dat op syn beurt wer neamd is nei Doarestêd.
  • Wouter Hamel (19 mei 1977), Nederlânsk Jazz-sjonger
  • W.G. van de Hulst jr. (4 juni 1917 - 27 juli 2006), Nederlânsk keunstskilder, byldhouwer, yllustrator en berneboekenskriuwer
  • Marc Klein Essink (18 maart 1960), Nederlânsk presintator en akteur
  • Martijn Lindenberg, Nederlânsk telefyzjeregisseur
  • Mûne Ryn en Lek yn Wyk by Duerstede wurdt wol ris De mûne fan Ruysdael neamd. De skilder Jacob van Ruisdael soe op in ferneamd skilderij de mûne ferivige hawwe. Dit is net wier; op it skilderij yn kwestje stiet in tichtbysteande mûne dêr't no allinnich noch mar de fûneminten fan te sjen binne.
  • Op 14 novimber 1998 kaam de lanlike yntocht fan de Sint nei Wyk by Duerstede. De Pakjesboat 12 lei oan op de kaai by de passantehaven. Op dizze yntocht makke Erik van Muiswinkel syn debút as Haadpiet.
  • Yn 1955 waard it NK Hurdfytsen hâlden yn Wyk by Duerstede , Thijs Roks waard doe Nederlânsk kampioen.
  • Yn 1979 waard de rige: Bassie & Adriaan en de Diamant opnomd yn kastiel Duerstede.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. J. van Doesburg (2000), What's in name? De naam Wijk in relatie tot de ligging en de functie van de nederzetting, side 68 e.f. yn: M.A. van der Eerden-Vonk e.o. (2000), Wijk bij Duurstede: 700 jaar stad, Utjouwerij Verloren, ISBN 9065506195
  2. L. Tooriaans (2005), De etymologie van Dorestat, side 42-53, Jierboek Ald-Utert 2005, ISBN 90-71108-24-4
  3. J. van Doesburg (1995), De stadsommuring van Wijk bij Duurstede: resultaten van het archeologisch onderzoek "Langs de Wal", yn: Het Kromme Rijngebied, Jiergong 29-2 (juny 1995), side 44-51
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Wijk bij Duurstede fan Wikimedia Commons.
  Wyk by Duerstede  
Stêd:
Wyk by Duerstede
Doarpen:
CothenLangbroek
  ·   ·  
Utert
 
Flagge fan de provinsje Utert
Aldewetter - Amersfoart - Baarn - De Bilt - Bunnik - Bunschoten - Eemnes - Fiifhearelannen - Houten - Iselstein - Leusden - Lopik - Montfoort - Nieuwegein - Renswoude - Rhenen - De Rûne Feanen - Seist - Soest - Stichtske Fecht - Utert (haadstêd) - Utertske Heuvelrêch - Veenendaal - Wyk by Duerstede - Woudenberg - Woerden
  ·   ·