Cothen
Cothen is in doarp yn de provinsje Utert. Oant 1996 wie it de lytste gemeente fan dy provinsje; yn dat jier waard it gearfoege mei Wyk by Duurstede en Langbroek ta de gemeente Wyk by Duerstede.
It doarp hat 3.275 ynwenners (2022).[1]
Lizzing en skiednis
bewurkje seksjeCothen is mei syn lizzing oan de Kromme Ryn fanâlds in skildereftich boeredoarp. By it doarp stiet Kastiel Rynestein. Yn de njoggentjinde iuw foarme dy rivier ek de wichtichste ferbining mei de bûtenwrâld; "Krommerynske skûten" soargen foar frachtferfier tusken it doarpke en de stêd Utert. Om 1900 wie it ynwennertal 745.
In bettere ferbining kaam yn 1885 mei de tramline dy't oant 1932 operasjoneel wie en doe de striid ferlear fan auto- en busferfier.
Nei de oarloch binne der wenwiken byboud. It doarp hie yn 2003 sa'n 2500 ynwenners. Middenyn it doarp leit in grutte hôf mei appel- en parrebeammen. It doarpsoansjen wurdt bepaald troch de smelle tsjerketoer fan de Sint-Petrus en Paulustsjerke, ûntwurpen troch Wolter te Riele, en de stellingnôtmole Oog in 't Zeil. It âlde diel fan it doarpke mei ûnder oare de Brink en de Doarpstrjitte is oanwiisd as beskerme doarpsgesicht.
Foarsjennings
bewurkje seksjeIt plak hat in tal sportferienings, op it gebiet fan gymnastyk, hânbal en darten. Der is ek in fuotbalferiening, SVF Cothen. Fierders binne der yn Cothen in oantal kafees en restaurants, inkele basisskoallen en der is in moetingssintrum.
Berne
bewurkje seksje- Mans Middelweerd (1920-2010), wethâlder en boargemaster
- Koen Raymaekers (1980), langeôfstânrinner
Foto's
bewurkje seksje-
Mûne fan Cothen: Oog in 't Zeil
-
Roomsk-katolike tsjerke fan Cothen
-
nei it westen sjoen
-
Roomske tsjerke fan Cothen
-
Eastside fan Cothen
-
Brink fan Cothen
-
Appelhôf yn Cothen
-
Cothen
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Wyk by Duerstede | ||
---|---|---|
Stêd: Wyk by Duerstede | ||
Doarpen: Cothen • Langbroek | ||
· · |