Kromme Ryn
De Kromme Ryn is in rivier mei in langte fan 28 km yn de Nederlânske provinsje Utert. De namme komt fan al de bochten en kronkels dy't de rivier hat.
Yn de Romeinske tiid wie de rivier de noardlikste en de wichtichste ôfspjalting fan de wichtige rivier de Ryn. Oan de súdkant fan de rivier bouden de Romeinen harren forten as part fan de Limes Germanicus.
Sûnt de Midsiuwen waard de rivier minder wichtich en waard letter sels alhiel ôfdamme fan de haadstream fan de Nederryn-Lek. It bleau nettsjinsteande de namme "Ryn" hâlden.
De Kromme Ryn spjalt ôf fan de haadstream Nederryn-Lek by it stedsje Wyk by Duerstêd, dat yn de Midsiuwen Doarestêd hiet. Dêrnei rint de rivier mei slaggen en bochten troch de provinsje Utert by de plakken Cothen, Werkhoven, Odijk en Bunnik del en it einiget yn de stedsgrêft fan de stêd Utert.
Oarspronklik waard de stêd Utert boud troch de Romeinen as in fort (Traiectum) by it plak dêr't de Kromme Ryn ôfspjalt yn de Fecht nei it noarden en de Leienske Ryn nei it westen. De Leienske Ryn rûn foar in part binnen de stedsmuorren fan Utert en waard kanalisearre en foarmje de grêft Oudegracht. De Rivieren Leienske Ryn en de Fecht rinne fierder fan de stedsgrêft ôf en binne winliken de fuortsetting fan de Kromme Ryn.