Odijk
Odijk is in plak yn de gemeente Bunnik yn de provinsje Utert. Odijk wie oant 1964 in selsstannige gemeente.
Odijk hat 5.720 ynwenners (2021) en wie ûnder oare bekend troch it museum foar de bijeylt dat der earder siet. De herfoarme tsjerke yn let-goatyske styl komt út midden 16e iuw en is it bewarre bleaune eardere koar fan in ea gruttere tsjerke. Odijk is in grien doarp mei in protte wannelrûtes lâns de Kromme Rijn. Der binne ûnder oare in sporthal, in tennispark, in natueriisbaan, in fuotbalklup neamd SV Odijk, in Scoutingferiening en in follybalferiening.
Skiednis fan Odijk
bewurkje seksjeDe skiednis fan Odijk giet werom nei sa'n 2000 jier ferlyn. De Romeinen bouden koart nei it begjin fan de jiertelling by Fectio, tsjintwurdich better bekend as Vechten, in wichtich castellum (fort) mei in haven oan de Ryn, destiids de grinsrivier fan it Romeinske Ryk. It measte wettertransport gie fan Wijk by Duurstede nei it noarden, troch de hjoeddeiske gemeente Bunnik oer Utert nei Katwijk oan de Ryn.
Odijk wie destiids net mear as inkele pleatsen en in lyts Romeinsk kamp dat de namme Odichum droech. Yn de 4e iuw ferliet men Fectio/Vechten foargoed. It gebiet waard doe earst besetten troch de Friezen en dêrnei troch de Franken. Yn 732 skonk de Frankyske hofmeier Pippijn û.o. de restanten fan Fectio oan de biskop fan Utert. Under tsjerklike lieding waard it gebiet tusken de 8e en de 14e iuw hielendal ûntgûn. Belangryk foar de ûntginningen wie de daam dy't yn of koart nei 1122 yn Wijk by Duurstede yn de Ryn lein waard, sadat de Lek de trochgeande rûte waard. Sûnttiid is de wetterstân yn de Kromme Ryn te regeljen, mar is der hast gjin skipfeart mear. Yn de 8e en 9e iuw ûntwikkelen har de trije tsjerkedoarpen Bunninchem (Bunnik), lodichem (Odijk) en Wercundia (Werkhoven). Yn de 12e en 13e iuw waarden der lytse doarpstsjerkjes boud.
Oan de ein fan de midsiuwen ûntstienen inkele gerjochten (bestjoerlike organisaasjes), dy't yn de Frânske tiid ferfongen waarden troch gemeenten, en krige Odijk ek werklik syn hjoeddeiske namme. Fan 1817 oant 1856 wienen der fjouwer gemeenten op it grûngebiet fan de hjoeddeiske gemeente Bunnik, dy't elk in kertier leveren fan it gemeentewapen, de reade hoanne fan Bunnik, St. Nikolaas út Odijk, it wite hynder fan Werkhoven en de Frânske leelje (út it Renesse-wapen) fan Rhijnauwen. Yn 1964 waard Odijk, tegearre mei Werkhoven, offisjeel gemeente Bunnik.
Berne yn Odijk
bewurkje seksje- Bernard Goovaerts, Nederlânsk pianist en skilder
Wenne yn Odijk
bewurkje seksje- Arnoud Bos, Nederlânsk akteur
- Wouter Bos, Nederlânsk politikus
- Piet Reckman, Nederlânsk polityk aktivist en publisist dy't him ynsette foar de Tredde Wrâld, ûnderwiisfernijing en it miljeu.
-
Winkelsintrum
-
Restaurant
-
Protestantske tsjerke
-
Protestantske tsjerke
-
Doarpshûs
-
Bou- en Houtbûn CNV
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Bunnik | ||
---|---|---|
Doarpen: Bunnik • Odijk • Werkhoven | ||
· · |