Werkhoven
Werkhoven is in plak en eardere gemeente yn de provinsje Utert De gemeente is op 1 septimber 1964 opheft en by de gemeente Bunnik komd. Dêr is it no in lytse kearn mei sa'n 2.550 ynwenners (CBS 2021). Werkhoven is ûntstien yn de 8e iuw ûnder de namme Wercundia. Yn de 12-13e iuw waard de tsjerke fan Werkhoven boud dy't noch altiten it mulpunt fan de histoaryske kearn fan it doarp foarmet. Der is in soad agraryske aktiviteit (benammen feehâlderij en fruittylt) yn en om it doarp.
Werkhoven hat in restaurearre nôtmûne, de Rijn en Weert, dy't op sneon te besichtigjen is foar it publyk. Fierders leit oan de râne fan it doarp it kastiel Beverweerd (net tagonklik foar publyk). Der binne meardere lytsskalige buorkerijcampings yn en om it doarp.
Yn 2004 én 2008 waard troch de pleatslike Muzykferiening Constantia in fideo/dvd útjûn mei histoaryske bylden fan it doarp Werkhoven.
Berne yn Werkhoven
bewurkje seksje- Coby van Baalen (6 april 1957), Nederlânske dressueramasône winneresse fan in sulveren medalje op de Olympyske Spullen fan 2000 yn Sydney.
- Andreas Everardus van Braam Houckgeest (1739 – 1801), Nederlânsk keapman en diplomaat.
Wenne yn Werkhoven
bewurkje seksje- Rob Goorhuis (25 maart 1948), komponist, muzykpedagooch, dirigint, klavesinist, pianist en organist.
- Piet Keijzer (18 augustus 1918 – 20 july 2008), Nederlânsk reedrider en winner fan de seisde Alvestêdetocht.
- Howard Komproe (6 oktober 1971), Nederlânsk stand-up comedian en stimakteur. Wenne op it ynternaat by Kastiel Beverweerd (International School Beverweerd).
-
Werkhoven op in kopergravuere fan Hendrik Spilman út 1773
-
kastiel Beverweerd
-
Doarpstsjerke
-
De Brink
-
De mûne fan Werkhoven
-
Werkhoven ± 1865
-
Sky-line Werkhoven 2008
-
Mûne Ryn en Weert
-
Herfoarme tsjerke
-
De Brink
-
Buorren
-
Muzyktinte
-
Roomske tsjerke
-
Roomske tsjerke
-
Rjochting Odijk
-
Mûne Ryn en Weert
-
Mûne Ryn en Weert
-
Kromme Ryn
-
Kastiel Beverweerd
-
bygebou Kastiel Beverweerd
Bunnik | ||
---|---|---|
Doarpen: Bunnik • Odijk • Werkhoven | ||
· · |