Pieter Keijzer (De Lier, 18 augustus 1918Leersum, 20 july 2008) wie in Nederlânske reedrider. Hy wûn de 6e Alvestêdetocht op 30 jannewaris 1940. Dizze oerwinning moat hy wol diele mei Auke Adema, Durk van der Duim, Cor Jongert en Sjouke Westra, omdat dizze fiif tegearre oer de einline kamen. De reedriders hienen by Dokkum ôfsprutsen tegearre oer de streep te kommen. Dizze ôfspraak soe úteinlik ferneamd wurde as ‘It pakt fan Dokkum’.

Alvestêdetocht 1940, winners: f.l.n.r.: Auke Adema, Sjouke Westra, Cor Jongert, Durk van der Duim en Piet Keijzer
Piet Keijzer & Kees Broekman
Monumint yn De Lier

Letter waard de mooglikheid om mei-inoar de oerwinning fan de Alvestêdetocht te dielen ferbean. Hjirtroch waard op 14 febrewaris 1956 gjin winner oanwiisd. By dy Alvestêdetocht wiene der ek fiif manlju dy’t tagelyk einigen. Se waarden letter út de útslach helle en der waard gjin nije winner oanwiisd.

Jier NK Oer Alles
1946