Leersum
Leersum is in doarp in de provinsje Utert, gemeente Utertske Heuvelrêch, op de stowâl Utertske Heuvelrêch yn it súdeasten fan de provinsje. De Utertske Heuvelrêch is sûnt 2004 in nasjonaal park. De kearn (beboude kom) fan Leersum hat 7.675 ynwenners (1 jannewaris 2021). Fanwege it boskrike karakter en de lizzing oan de foet fan de Heuvelrêch, is Leersum in socht fakânsje-oarde.
De Ryksstrjitwei ferdielt it doarp yn in noardlik part mei beamtegrien en in súdlik stik mei tichtere bou.
Leersum wie oant 1 jannewaris 2006 in selsstannige gemeente. Per dizze datum is Leersum mei de gemeenten Maarn, Amerongen, Driebergen en Doorn opgien yn de nije gemeente Utertske Heuvelrêch. Leersum is yn grutte de 3e doarpskearn fan de gemeente.
Skiednis
bewurkje seksje- De namme Leersum komt as "Hlarasheim" foar it earst foar yn de 11e iuw, yn in guodregister fan de abdij fan Werden (yn it Ruhrgebiet). Letter lêze wy faker de foarmen "Laresheim" of "Laresheem". Oant de dei fan hjoed komme wy dizze namme oars tsjin (bygelyks by de lokale sportferiening "Larsheim")
- De betsjutting fan de namme hat betrekking op de lizzing yn de bosken. By "leer" of "laar" moatte wy tinke oan in bosk dat troch de bewenners dy't der tichtby wennen brûkt waard (om ûnder oare hout te sammeljen), wylst "heim" (hiem) wenplak betsjut.
- Leersum tankt syn lizzing oan de Darthuizer Poart. Dat is ien fan de dalen dy't tsientûzenen jierren lyn ûntstienen op de Utertske Heuvelrêch troch skowende iislagen en raanwetter. Tsjûgen hjirfan binne de Zuilensteinse berch (52 m) en de Darthuizer berch (48 m). Op de hegere plakken waard it waarmer en ûntstie wilige plantegroei, wêrút feanlagen fuortkamen. Troch natoerrampen en benammen troch minsklike ûntginning gie in soad bosk ferlern en ûntstienen sânferstowings dy't bewenners yn harren bestean bedrigen. Werbebosking yn de 19e iuw brocht rêding op de Heuvelrêch. Nije bosken soargen foar hannel en niverheid en lokken in soad natoerleafhawwers nei Leersum ta.
- De bewenners wennen destiids benammen om it krúspunt fan Ryksstrjitwei, Tsjerkewei en Scherpenzeelskewei en yn in oantal ferspraat lizzende pleatsen.
- Yn 1905 liet rintmaster H.G. van Dam in stik heide ûntginne en bosk oanplantsje. By de yngong fan it terrein (Lombok) waarden fjouwer sierpeallen setten, dy't yn 2003 n orizjinele steat weromsetten binne.
- Op it heechste punt fan de Lombokbosk waard in útsjochtoer boud "Piramide Lombok", mei op de fjouwer punten ûlen, letter krige hy syn namme Uletoer. Yn 1926 waard dizze ûletoer eigendom fan de gemeente. De jierlikse ûletoerloop (dêr't in soad Leersummers oan meidogge), krige hjirtroch syn namme.
- Tusken Amerongen en Leersum leit kastiel Zuylestein. Begjin 17e iuw wie dit kastiel yn hannen fan de famylje Godard van Reede. Yn 1630 waard it kocht troch steedhâlder Frederik Hendrik, dy't yn 1632 de Hearlikheid Leersum as rjochtsgebiet derby krijt. Fan it oarspronklike kastiel binne allinnich noch it âlde poartegebou, de oranzjery, it boartershûs en inkele tsjinstwenningen stean bleaun. De rest waard yn 1945 by fersin troch de alliearden fernield. It hjoeddeiske kastiel waard om 1980 as in kopy werboud.
- Njonken de âlde Herfoarme Tsjerke út ± 1500 stiet de herberch "King William" (út ± 1690). Steedhâlder-kening Willem III soe hjir útfanhuze hawwe yn 1697, doe't hy syn freon net thús trof op kastiel Zuylestein. It waard oarspronklik as gerjochthûs boud.
- Nei jierrenlange diskusje oer in gemeentlike weryndieling, komt der fan de Deputearre Steaten fan Utert yn april 2004 in konkreet foarstel ta gearfoeging fan de gemeenten Leersum, Maarn, Amerongen, Driebergen en Doorn ta ien nije gemeente. Leersum stimt (nei in opinyûndersyk ûnder de befolking) as iennige gemeente tsjin dy plannen. Dochs wurdt der úteinlik op 13 septimber 2005 troch de Earste Keamer besluten ta weryndieling. De gemeente Leersum hâldt dêrmei mei yngong fan 1 jannewaris 2006 op te bestean.
It besjen wurdich
bewurkje seksje- Wa't nei Amerongen rydt, sjocht de Herfoarme tsjerke fan Leersum. De skiednis fan de tsjerke giet werom oant ± 1300, yn dy tiid kaam der in romaans gebouke te stean dat wijd waard oan de aartsingel Michael. Letter kaam der in smelle toer (1500) oan fêst en waard de tsjerke útwreide mei ien transept. Binnen stiet in preekstoel út 1676 en in oargel fan de firma Reil út 1971.
- Steatsboskbehear Heuvelrêch-Súd beheart in natoerterrein fan 610 ha grut, mei meast nuddelhout. It bestiet út de kompleksen Leersumsk Fjild en De Heechstrjitte. Yn it Leersumske Fjild wie eartiids in kobbereservaat. Nettsjinsteande dat no alle kobben ferdwûn binne, wurdt noch wol de briedperioade oanhâlden om it terrein mei al syn fûgels rêst te gunnen (it is dan ek noch altiten tusken 15 maart - 15 july sluten).
- Kastiel Broekhuisen (even westlik fan Leersum), is fan 1650. It is nei in grutte brân yn 1906 safolle mooglik yn de âlde styl werboud. De foargevel draacht it wapen fan de famylje Van Broeckhuysen, dy't al yn 1294 besittingen yn dit gebiet hie.
- De Grêftombe fan de famylje Van Nellesteijn is in monumint op it heechste punt fan De Donderberch (36 m), mei oan de foet derfan de grêfkelder fan de famylje Van Nellesteijn. De grêftombe is 14 m heech en jout in moai útsjoch oer de omjouwing. De tombe is iepensteld op snein tusken 12.00 en 16.00 oere.
- Leersum hat in (ferwaarme) Boskbad, it ienige swim- en rekreaasjebad midden yn de natoer yn dizze regio.
- Jierliks wurdt op de tredde sneon en snein fan augustus in grut Blommekorso hâlden. Op sneon ride sirka 15 prealweinen fersierd mei dahlia's twa omgongen troch it doarp, ôfwiksele troch muzykkorpsen. Der wurde per korso ± 1.200.000 dahlia's brûkt.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Utertske Heuvelrêch | ||
---|---|---|
Doarpen: Amerongen • Doarn • Driebergen-Rijsenburg • Leersum • Maarn • Maarsbergen • Overberg | ||
Buorskippen: Darthuizen • Driebergen • Rijsenburg • Sterkenburg | ||
· · |