Darthuizen
Darthuizen is in eardere gemeente en in buorskip yn de gemeente Utertske Heuvelrêch, yn de provinsje Utert. De buorskip leit flakby Doorn en benammen Leersum, besuden de N225, oan de râne fan de Utertske Heuvelrêch, op de grins fan bosk en lânbougebiet.
Darthuizen wie oant 1857 in eigen gemeente, oant it dat jier by de gemeente Leersum kaam. In bekende hear fan Darthuizen wie yn de 16e iuw Willem fan Zuylen fan Nijevelt.
Berne yn Darthuizen
bewurkje seksje- Christiaan Frederik Mali (6 oktober 1832), Dútsk skilder
Utertske Heuvelrêch | ||
---|---|---|
Doarpen: Amerongen • Doarn • Driebergen-Rijsenburg • Leersum • Maarn • Maarsbergen • Overberg | ||
Buorskippen: Darthuizen • Driebergen • Rijsenburg • Sterkenburg | ||
· · |