Driebergen-Rijsenburg

Driebergen-Rijesenburg is in eardere gemeente en doarp yn de gemeente Utertske Heuvelrêch yn de Nederlânske provinsje Utert. It doarp leit oan de súdlike râne fan de Utertske Heuvelrêch en hat 18.985 ynwenners (2021). It doarp leit oan de Stichtse Lustwarande, in rige fan lúkse bûtenpleatsen en lânguod.

Driebergen-Rijsenburg
Sparrendaal
Flagge Wapen
Polityk
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Utert
Gemeente Utertske Heuvelrêch
Sifers
Ynwennertal 18.985 (1 jannewaris 2021)[1]
Oerflak 26,43 km²
Befolkingstichtens 718 /km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 3' 10" NB, 5° 16' 49" EL
Lokaasje Driebergen-Rijsenburg

Al yn de iere midsiuwen rûn de wichtige keningswei fan Utert oer Nimwegen nei Keulen en rint hjoed-de-dei noch troch it doapr hinne.

Yn 1159 kaam de namme Thriberghen al foar, mar yn 1309 wurdt it foar it earst neamd as in delsetting mei in tsjerke. Yn 1126 waard der yn de omkriten in soad fean oanmakke. De Langbroekerwetering wie ien fan de ûntwetteringsfearten dy't yn dy snuorje groeven waard. Der binne by dy feart ek in soad kastielen boud en ek in soad boerehôven woeksen út ta kastielen troch it bouwen fan in toer en it oanlizzen fan in grêft. In tal fan dy kastieln binne hjoed-de-dei noch te sjen, dêr't Sterkenburg yn de buorskip Sterkenburg ien fan is.

Al yn de iere midsiuwen rûn de wichtige keningswei fan Utert oer Nimwegen nei Keulen en rint hjoed-de-dei noch troch it doapr hinne.

Driebergen-Rijsenburg ûntstie op 1 maaie 1931 troch it gearfoegjen fan de doarpen Driebergen en Rijsenburg dy't oant doe selsstannige gemeenten wiene. De twa doarpen foarmen dêrnei ien gemeente en woeksen alhiel út ta ien plak. Op 1 jannewaris 2006 waard de gemeente gearfoege mei Amerongen, Doarn, Leersum, Maarn, Maarsbergen en Overberg ta de nije gemeente Utertske Heuvelrêch, neamd nei it nasjonaal park mei deselde namme.

It besjen wurdich

bewurkje seksje

In part fan Rijsenburg is beskerme doarpsgesicht en der binne ferskate ryksmonuminten en gemeentlike monuminten yn it doarp. It tsjerkeplein fan Rijsenburg is tekenjend foar it doarp. De roomsk-katolike Sint-Petrus'-Bandentsjerke waard yn 1870 boud troch arsjitekt Adrianus Tollus yn opdracht fanambachtshear Petrus Judocus van Oosthuyse, dy't op Sparrendaal wenne, as part fan in folslein nij doarp Rijsenburg dat 2 km fan it doe al net mear besteande kastiiel Rijsenburg leit. De tsjerke komt fan de napoleontyske tiid en is de iennige tsjerke yn Nederlân dy't boud is yn Empirestyl. By de tsjerke waarden wen- en koetshuzen boud yn in heale sirkel. Yn 1813 waard foar de tsjerke oer de herberch Wapen van Rijsenburg boud. Dat unike tsjerkeplein is beskerme doarpsgesicht.

Op it plak fan de eardere neogoatyske lângoed Welgelegen, dat yn de Twadde Wrâldkriich bombardearre waard, waard yn 1954 Park Welgelegen mei wenten yn de styl fan de Delftske Skoalle boud.

Fierder binne dder yn it doarp foaroarlochske wenten, typysk fan de 1930-er jierren, sa as Tuinwijk Sterrenbosch en Driebergen-Noard. In part fan de Langebroekerwetering mei syn lânguod en bûtenhuzen is part fan Driebergen-Rijsenburg as part fan de Utertske Heuvelrêch.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
Utertske Heuvelrêch'
 
Doarpen:
AmerongenDoarnDriebergen-RijsenburgLeersumMaarnMaarsbergenOverberg
Buorskippen:
DarthuizenDriebergenRijsenburgSterkenburg
wizigje