Haadmenu iepenje
Broekhuizen troch Jacob Pronk

Kastiel Broekhuisen is in ridderhofstêd, lânhûs en lânguod yn Leersum, gemeente Utertske Heuvelrêch yn de provinsje Utert. Yn de besteande foarm datearret it fan 1794. It kasteel is nei in grutte brân yn 1906 safolle mooglik yn de âlde styl werboud.

SkiednisBewurkje

It kastiel hie in foargonger dy't op in tekening fan Jacob Pronk, der útseach as in rjochthoekich lânhûs. Dat is yn 1794 ferfongen troch in wyt lânhûs, dêrnei is it yn 1810 fierder fergrutte. It is in grut gebou wurden mei trije ferdjippings, wêrfan de útspringende middenpartij behearske wurdt troch in monumintale peristylium foarme troch fjouwer Ioanyske pylders. De foargevel draacht it wapen (yn sulver in read en goud skakearre krús) fan de Utertske famylje Van Broeckhuysen.

Hoewol't de famylje Van Broeckhuysen al yn 1250 yn dizze omkriten neamd wurdt, is in earste beliening mei Broekhuisen oan Jan fan Broeckhuysen troch it Domkapittel pas yn 1393, en in jier letter mei it derneist lizzende goed Schevichoven.

Yn 1406 wurdt de broer fan de widdo fan dizze Jan, Tyman fan Zuylen, mei it "Thuis te Broekhuisen" beliend troch de Heer fan Gaesbeek. Dit wiist derop dat it lângoed Broekhuisen twa lienhearen hie en it hûs op dat fan de Hear fan Gaesbeek stied.

Fia ferkeapen komt it úteinlik yn 1793 oan de rike Amsterdamske keapman Mr. Cornelis Jan van Nellesteyn, dy't it hjoeddeiske hûs sette litten hat en dêr yn 1832 ferstoar. Syn pakesizzer ferkocht it yn 1897 oan Mr. Maarten Iman ridder Pauw van Wieldrecht, dêrnei gie it yn 1939 oer nei syn dochter, dy't troude mei Jhr. Mr. Th.J.G. Stratenus. Harren beide soannen ferkochten it yn 1965 oan it Ryk, dat der fan 1971 - 1996 it Ryksynstitút foar Natoerbehear yn fêstige en it dêrnei ferkocht oan Steatsboskbehear.

Steatsboskbehear ferkocht dêrnei de opstallen mei rjocht fan ûnderpân oan in partikulier. Dizze keaper koe de hypteek net betelje en it kaam yn 2006 oan hypteekbank Delta Lloyd. Fan binnen is it yn minne steat en in keaper of erfpachter wurdt noch socht (augustus 2006). Yn 2007 is Steatsboskbehear begûn oan in yngreven restauraasje fan de troch Michael en Zocher ûntwurpen Ingelske tún. By dizze restauraasje is in minder-falidenpaad oanlein. Delta Lloyd is (2008) dwaande mei restauraasje fan it kastiel.

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: