Bunnik (plak)
Bunnik is in plak yn de provinsje Utert en ûnderdiel fan de lykneamde gemeente Bunnik. De kearn hat ûngefear 7.000 ynwenners.
Bunnik leit tichtby in knooppunt fan spoarwegen en snelle ferbinings mei de histoaryske stêd Utert. De Kromme Ryn rint troch it plak. It doarp Bunnik leit oan de N229, hat in ôfslach oan de A12 en in NS-stasjon, Stasjon Bunnik.
Bedriuwslibben en organisaasjes
bewurkje seksjeYn Bunnik sitte ûnder oare de Keninklike BAM Groep, de BOVAG en frisdrankfabrikant Vrumona. Ek hâldt it Oranjefûns hjir kantoar.
Bekende Bunnikers
bewurkje seksje- Annette Barlo (1974), aktrise en presintatrise
- Thea Beckman (1923-2004), skriuwster fan berne- en jeugdboeken
- Vincent Bijlo (1965), kabaretier en skriuwer, lid fan politike partij P21
- Alexandrina van Donkelaar-Vink (1895-2006), âldste ynwenner fan Nederlân
- Fedde Le Grand (1977), DJ en muzykprodusint
- Birgit Schuurman (1977), sjongster en aktrise
- Katja Schuurman (1975), aktrise, presintatrise en sjongster
Omkriten
bewurkje seksje-
Kaart fan de gemeente Bunnik yn 1867
-
De Beesde of "Cammingha"
-
Ald Amelisweerd
-
Earder riedhûs oan it begjin fan de Boargemaster v.d. Weyerstrjitte
-
Doarpstsjerke mei 13e-iuwske Romaanse toer, yn de folksmûle 'it wite tsjerkje' neamd.
-
De Kromme Ryn fan it Vagantepaad ôf
Bunnik | ||
---|---|---|
Doarpen: Bunnik • Odijk • Werkhoven | ||
· · |