Nederryn
De Nederryn is in rivier yn Nederlân en in ôfspjalting fan de Ryn, fan it gearrinnen mei de Alde Ryn by Angeren ôf, dêr't it de fuortsetting fan it Pannerdensk Kanaal foarmet, oant ta Wyk by Duerstede. Dêr wurdt de haadstream de Lek neamd, en de âlde stream wurdt de Kromme Ryn neamd.
Skiednis
bewurkje seksjeDe Nederryn wie yn de Romeinske Tiid part fan de Limes Germanicus.
Yn 1530 waard ûnder it bewâld fan Karel fan Gelre de Ryn by Arnhim ferlein oant deun by de stêd. It waard dienmakke yn 1536. De stêd lei oan de Sint-Jansbeek mar woe him better ûntwikkelje mei in streekrjochte ferbining mei de Ryn en allyk in bettere ferdigening foarmje tsjin de driging fan de Habsburgers
Eartiids begûn de Nederryn in pear kilometer fjirder de stream op as hjoed-de-dei en foarme de eartiidske ôfspjalting fan de Nederryn en de Waal in boarne fan oerstreamings. Dat probleem waard ferholpen mei it graven fan it Pannerdensk Kanaal en it ôfdamjen fan de bopperin fan de Nederryn.