Kastiel Lunenburg
Kastiel Lunenburg is in hofstêd oan de Langbroeker Wjittering tusken Langbroek en Rijsenburg yn de provinsje Utert.
It wie eartiids in wentoet mei ien moargen (sa. 0,84 ha) lân. It boujier is ûnbekend mar de earste fermelding is yn 1340. Yn in list mei leinemanne stiet dan Gijsbert De Ridder, de erfgenamt fan Sandenburg. Yn 1563 moast Willem de Ridder it kastieltsje ferkeapje omdat er troch jildfergriemen oan leger wâl rekke wie.
Yn 1860 liet de destiidske eigener de wenfleugels en stâlen, dy't yn 1680 oan de toer boud wiene, slope en de grêft dimpe. De toer waard ûnderdiel fan in grut lânhûs. Yn septimber 1944 waarden der legerauto's ûnder de hege beammen stald. De alliearden bombardearren it kastiel en makken it ûnbewenber.
De toer stiet no wer frij op in eilantsje yn it wetter. Krektas eartiids fiert in trep nei de earste ferdjipping. De bygebouwen binne ynrjochte as wenhûs, sauna en swimbad en binne yn besit by eigener P. Fentener van Vlissingen. By útsûndering binne de tunen foar publyk iepensteld.