Teylingen is in gemeente yn 'e Nederlânske provinsje Súd-Hollân. De gemeente leit yn 'e súdlike Bollekrite, noardlik fan 'e stêd Leien. De gemeente ûntstie yn 2006 nei in fúzje fan de gemeenten Sassenheim, Voorhout en Warmond. De gemeente Teylingen hat 38.448 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS) op in oerflak fan 33,49 km² wêrfan 5,11 km² wetter.

Teylingen
flagge wapen
lokaasje
polityk
lân Nederlân
provinsje Súd-Hollân
sifers en geografy
haadplak Sassenheim (kantoar)
Voorhout (bestjoer)
grutste plak Voorhout
ynwennertal 38.448 (1 jannewaris 2024)[1]
befolkingstichtens 1356 /km²
oerflak 33,49 km²
● wêrfan lân 28,38 km²
● wêrfan wetter 5,11 km²
tal doarpen 3
ferkearsieren A44 N208 N444
Skipholline, Alde line
skiednis
oprjochte 2006
foar 2006 Sassenheim
Voorhout
Warmond
oar
netnûmer 0252, 071
postkoade 2170-2172, 2215-2216, 2360-2362
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside https://www.teylingen.nl/
Gemeentekaart fan Teylingen

De namme fan 'e gemeente is ôflaat fan Slot Teylingen, in ruïne yn 'e buorskip Teijlingen yn Voorhout, tichteby de kearn Sassenheim. Dêrnjonken komt de namme ek foar yn de eardere gemeenten Sassenheim, Voorhout en Warmond. Eastlik fan Sassenheim en Lisse leit in dúnrêch mei de namme Teijlingen, dy't weromgiet op in rekonstruearre Germaansk wurd *taglingja ‘sturt’ of ‘smelle, hege dúnrêch’; dat Germaanske wurd is ek werom te finen yn it Ingelske wurd tail.[2]

De gemeente grinzget oan de gemeenten Noardwyk, Lisse, Haarlimmermar, Kaag en Braassem, Leiderdorp, Leien, Oegstgeest en Katwyk. It grutste part fan de Kagerplassen leit op it grûngebiet fan Teylingen. It polderlân oan 'e eastkant fan de kagerplassen is sûnder boat allinnich troch de buorgemeenten te berikken.

De gemeente Teylingen bestiet út de trije folgjende offisjele kearnen:

Kearn Ynwenners
(2023)[3]
Sassenheim 16.020
Voorhout 17.280
Warmond 5.210

Fierders hat de gemeente de buorskippen Klinkenberg, Oosteinde en Teijlingen

Yn de gemeente Teylingen lizze twa spoarstasjons:

Stêdebannen

bewurkje seksje

Yn 'e gemeente Teylingen hawwe Sassenheim en Warmond in stêdebân.

Sassenheim

Warmond

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  Gemeente Teylingen  
Kearnen: SassenheimTeijlingenVoorhout (bestjoersintrum) • Warmond
  ·   ·  
Súd-Hollân
 
Flagge fan de provinsje Súd-Hollân
Alblasserdam - Albrandswaard - Alfen oan de Ryn - Barendrecht - Boadegraven-Reeuwijk - Capelle oan de Isel - Delft - Doardt - Flaardingen - Foarne oan See - Goeree-Oerflakkee - Gorkum - Gouda - De Haach (haadstêd) - Hardinxveld-Giessendam - Hendrik-Ido-Ambacht - Hillegom - Hoekske Waard - Kaag en Braassem - Katwyk - Krimpen oan de Isel - Krimpenerwaard - Lansingerlân - Leiderdorp - Leien - Leidskendam-Foarburch - Lisse - Maasslûs - Midden-Delflân - Molelannen - Nieuwkoop - Nissewaard - Noardwyk - Oegstgeest - Papendrecht - Pijnacker-Nootdorp - Ridderkerk - Rijswijk - Rotterdam - Skiedam - Sliedrecht - Teylingen - Voorschoten - Waddinxveen - Wassenaar - Westlân - Zoetermeer - Zoeterwoude - Zuidplas - Zwijndrecht
  ·   ·