Noard (rivier)
De Noard (Nederlânsk en offisjeel: Noord), dy't eartiids ek wol Oude Merwede (Alde Merwede) neamd waard, is in tijrivier yn de Nederlânske provinsje Súd-Hollân tusken de eastkant fan it eilân IJsselmonde en de westkant fan de Alblasserwaard. Der is in soad skipfeart oer de Noard, dy't it rivierekrúspunt mei de Under-Merwede en Alde Maas by Doardt ferbynt mei de noardkant fan Ridderkerk, dêr't de Lek en de Noard gearrinne en de Nije Maas foarmje.
Bij Papendrecht spjalt de Noard him ôf yn twa takken, de werklike Noard en de Rietbaan, mei yn it midden it eilân Sophiapolder. De streamrjochting yn de Noard is ôfhinklik fan it tij.
Skiednis
bewurkje seksjeOarspronklik wie it noardlike part fan de Noard in kreek, Donkersloot, dêr't gjin skipfeart mooglik wie. Bewiis dêrfoar wie dat de Noarmannen by harren ynfallen de Lek of Waal opfearne, net fan de iene nei de oare rivier oerstekke koene. It súdlike part fan de Noard wie al folle langer in brede rivier en foarme de ferbining tusken de Merwede en it Waaltsje.
Nei't de Donkersloot ferbrede waard, waard de hiele Noard, tegearre mei de Nije Maas, sjoen as de ûnderrin fan de Merwede en waarden beide rivieren de Merwe neamd. Nei de Sint-Elisabetsfloed fan 1421 waarden de Noard en de Under-Merwede oantsjut as de "Alde Merwede". Der wie in soad skipsbou bylâns de rivier, dêr't yn bygelyks yn Alblasserdam noch wat fan oer is.
Skipfeart
bewurkje seksjeDe Noard is wichtich foar de skipfeart. Benammen binnenfeartskippen tusken Rotterdam en it efterlân meitsje gebrûk fan de rivier. Ek de rekreaasjefeart makket warber gebrûk fan de Noard. Om de rivier goed te befarber te hâlden, wurdt de rivier gauris baggere, benammen op it krúspunt mei de Alde Maas en de Under-Merwede.
Plakken oan de Noard
bewurkje seksjeMei de stream del:
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Noard (rivier) fan Wikimedia Commons. |