Merwede
De Merwede is de ûnderrin fan de Nederlânske rivier de Waal en ien fan de wichtichste streamen fan de Ryndelta. Fan 1273 oant 1904 wie de Merwede ek de wichtichste ûnderrin fan de Maas, oant dy rivier by Andel ôfdamme waard, nei't de Berchske Maas groeven waard.
Rin
bewurkje seksjeDe Merwede begjint by it Slot Loevestein, beëasten Woudrichem, dêr't de Waal en Maas eartiids gearrûnen en dêr't de histoaryske grins tusken Hollân en Gelre lei. Hjoed-de-dei foarmet it earste part fan de Merwede, de Boppe-Merwede, de grins tusken de provinsjes Súd-Hollân en Noard-Brabân. By Werkendam spjalt de rivier yn de groeven Nije Merwede, dêr't it measte wetter yn streamt. Fan dat punt ôf hjit de rivier de Under-Merwede. Under dy namme berikt de rivier de stêd Doardt, dêr't er útrint yn de rivier de Noard, de oarspronklike fuortsetting fan de Merwede, en de Alde Maas.
Der is in soad skipfeart oer de rivier en oan de rivier is in soad skipbou-yndustry, bygelyks yn Gorkum, Werkendam, Hardinxveld-Giessendam en Sliedrecht. Histoaryske stêden binne Gorkum, Doardt en Woudrichem.
Namme
bewurkje seksjeDe namme "Merwede" is ôflaat fan in sompebosk Silva Meriwido, dat meerwoud ("marwâld") of moeraswoud ("sompewâld") betsjut. Dat bosk tusken Maas en Waal waard neamd yn de Kronyk fan Cambrai (Gesta Pontificum episcoporum Cameracensium) mei in ferwizing nei in barren yn 1003, doe't Fryske kolonisten út it gebiet keaplju út Tiel oerfoelen. Op oare plakken wurdt der sprutsen fan it "Wâld fan Mircwidu" (Silva Mircwidu), dat "tsjuster wâld" betsjut. Yn de kronyk fan biskop Thietmar fan Merseburch wurdt beskreaun hoe't in nust Frisii fan Thyle haren yn it jier 1018 foar de Noarmannen ferstoppe hiene yn it Wâld fan Mircwidu. De Friezen sieten dêr yn in âld fort.
Ferskate stoarmfloeden, wêrûnder dy fan de lêste grutte Sint-Elisabetsfloed yn 1421 hawwe it gânse bosk fuortspield. De brede wetterrin dy't dêr ûntstie, krige de namme fan it bosk en hjit sûnt dy tiid Merwede.
Neffens in njoggentjinde iuwske teory soe de namme Merwede ôflaat wêze fan "Merowe" of "Merwe", dat "wiid wetter" betsjutte soe. Ek de Frankyske Merovingen soene harren namme fan de rivier krigen hawwe.