Nije Merwede
De Nije Merwede is in kanaal yn Nederlân dat oan de súdeastlike kant fan it Eilân fan Doardt del rint. De Boppe-Merwede spjalt himsels by Werkendam ôf yn de noardlike Under-Merwede en de súdwestlike Nije Merwede. It wetter fan de Nije Merwede streamt yn it Hollânsk Djip. De Nije Merwede foarmet de grins tusken de provinsjes Súd-Hollân en Noard-Brabân en skiedt it Eilân fan Doardt fan de Brabânske Biisbosk. De keunstmjittige rivier hat gjin brêgen of tunnels, en hat allinnich ien fearpont foar alle ferkear.
Skiednis
bewurkje seksjeLang lyn bestie der al in rivier dy't de Nije Merwede neamd waard. Dy namme waard oan it eastlike part fan de hjoeddeiske Alde Maas jûn, nei't dy ûntstien wie is in trochbraakril fan de Merwede. Letter waard de namme fan dat part fan de rivier lykwols fergetten.
De hjoeddeiske Nije Merwede waard groeven tusken 1861 en 1874 om it wetter fan de Boppe-Merwede en de Waal hurder ôffiere te kinnen.