De Nije Maas is in rivier yn de Nederlânske provinsje Súd-Hollân. De rivier is 24 km lang. De stêden Rotterdam, Skiedam en Flaardingen lizze oan dit wetter. De Nije Maas begjint by Slikkerveer dêr't er ûnstiet út de gearrin fan de Noard en Lek. Dêrnei streamt er troch it stedske gebiet fan Rotterdam en rint gear mei de Alde Maas dêr't er de Scheur foarmet. Dêrnei streamt it wetter yn de Nije Wetterwei om dêrnei de Noardsee yn te streamen. Oan de Nije Maas lizze fanâlds in tal havens, de meast wichtige is de Haven fan Rotterdam, mar hjoed-de-dei is de measte hannel ferskood nei de Nije Wetterwei en oare wettergongen (Calandkanaal, Hartelkanaal, ensfh).

Lokaasje fan de Nije Maas yn Nederlân
De Nije Maas nei it easten ta sjoen

Geografy bewurkje seksje

De namme fan de rivier hat it wurd "Maas" deryn, dochs is de Nije Maas ien fan de wichtichste ôfspjaltings fan de Ryn. Der hat hast gjin wetterôffier fan de Maas yn de Nije Maas west. Wol wie der ôffier fan de Maas yn de Alde Maas. Dy rivier wie foar 1904 in wichtige ôffierrivier fan de Maas en foar 1421 sels de haadmûning dêrfan. De oarspronklike mûning fan de Nije Maas stiet fanâlds al bekend as de Maasmûning en Rotterdam stiet bekend as de Maasstad ("Maasstêd"). Lykwols wurdt de regio om de rivier hinne oantsjutten as Rijnmond ("Rynmûning"), itjinge de werklikheid is..

Skiednis bewurkje seksje

Yn de Midsiuwen waard de rivier sjoen as de ûnderrin fan de Merwede, en waard de Nije Maas, tegearre mei de rivier de Noard, troch de pleatslike befolking Merwe neamd. De rivier foarme tegearre mei de Maas in brede mûning, dy't yn de Romeinske tiid Helinium neamd waard. Yn de Midsiuwen feroare de rin fan de Maas gauris. It gefolch wie dat de rin fan de Maas troch it hjoeddeiske Botlekgebiet, by Brylle lâns nei de Noardsee gie. Stêden lykas Flaardingen, Skiedam en Rotterdam ferlearen dêrtroch harren ferbining mei de Noardsee.

Boppedat feroare de Merwede syn rin ek. Nei de Sint-Elisabetsfloed fan 1421 waard it grutste part fan it wetter fan de Merwede, dat troch de Ryn oer de Waal oanfierd waard, en ek troch it wetter fan de Maas, tusken Doardt en Werkendam yn súdwestlike rjochting laat waard troch de Biisbosk hinne de see yn.

It gefolch wie, dat de Maasmûning hieltyd mear fersâne. Dêrom waard yn 1830 it Kanaal troch Foarne groeven. It fersânjen fan de mûning fan de Scheur en de Nije Maas, en om't de Kanaal troch Foarne net al te wiid wie, makke it berikken fan de havenstêden hieltyd dreger. Dêrom waard tusken 1866 en 1872 de Nije Wetterwei groeven. De oarspronklike mûning fan de (Alde en Nije) Maas, dat dêre ek wol Brylske Maas (Brielse Maas) neamd waard, waard yn 1950 by Eastfoarne ôfdamme. De eardere rin is noch werom te sjen oan de Botlek en de Brylske en Eastfoarnske Mar.

De Scheur bûgde earder by de Maeslantkearing nei it suden ta, om troch, dy't no de Eastfoarnske Mar is, yn see út te mûnjen. By it oanlizzen fan de Nije Wetterwei (der moast 4,3 km troch de dunen groeven wurde) waard de Scheur ôfdamme.

Rivierkrusings bewurkje seksje

 
De Erasmusbrêge oer de Nije Maas yn Rotterdam.

Fan west ta east:

  • Benelúkstunnel (tunnel; moterreauwen, fytsers en metro)
  • Maastunnel (tunnel; moterreauwen, fytsers, fuotgongers)
  • Erasmusbrêge (brêge; moterreauwen, fytsers, fuotgongers, trams)
  • Maastaksi (fearpont; fuotgongers)
  • Metrotunnel (tunnel; metro)
  • Willemstunnel (tunnel; trein)
  • Willemsbrêge (brêge; moterreauwen, fytsers, fuotgongers)
  • Van Brienenoordbrêge (brêge; moterreauwen, fytsers, fuotgongers)


 
Detailkaart Nije Maas